Content-Length: 61474 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/%C3%9Bn%C3%B4fhinklike_st%C3%AAd_(Feriene_Steaten)

Unôfhinklike stêd (Feriene Steaten) - Wikipedy Springe nei ynhâld

Unôfhinklike stêd (Feriene Steaten)

Ut Wikipedy

In ûnôfhinklike stêd is yn it bestjoer fan 'e Feriene Steaten in stêd dy't net ta it grûngebiet fan ien of mear countys heart of ta dat fan in county-ekwivalint, lykas in parish yn Louisiana of in borough yn Alaska. Unôfhinklike stêden kombinearje de bestjoerslagen fan county en gemeente, in skaaimerk dat se diele mei saneamde city-countys, wêrby't in (grutstedske) gemeente bestjoerlik gearraand is mei de county dêr't dy gemeente oarspronklik ûnderdiel fan útmakke. Unôfhinklike stêden en city-countys wurde lykwols beskôge as aparte kategoryen en moatte net betize wurde. Der binne yn 'e Feriene Steaten 41 ûnôfhinklike stêden, wêrfan't 38 yn 'e steat Firginia lizze. De trije ûnôfhinklike stêden bûten Firginia binne Baltimore (yn Marylân), St. Louis (yn Missoury) en Carson City (yn Nevada). De grutste ûnôfhinklike stêd rekkene neffens befolkingsgrutte is mei ôfstân Baltimore.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/%C3%9Bn%C3%B4fhinklike_st%C3%AAd_(Feriene_Steaten)

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy