Content-Length: 80956 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Osmaanske_namme

Turkske namme - Wikipedy Springe nei ynhâld

Turkske namme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Osmaanske namme)

De Turkske namme is de namme fan persoanen yn Turkije, leden fan etnysk Turkske minderheden bûten Turkije en fan lju fan etnysk Turksk komôf yn 'e diaspora yn oare lannen. De Turkske namme bestiet út ien of mear foarnammen (selden mear as twa) en ien efternamme. Allinnich troude froulju kinne twa efternammen hawwe, as se derfoar kieze om op 'e efternamme fan harren man ta ek de eigen famkesnamme te behâlden. Yn sokke gefallen wurdt de famkesnamme foar de efternamme fan 'e man pleatst. Yn it Turksk geane sûnt de ynstelling fan efternammen yn 1934 foarnammen altyd foarôf oan 'e efternamme, útsein yn offisjele dokuminten, dêr't de folchoarder "Efternamme, Foarnamme" (mei in komma dertusken) faak oanholden wurdt, krekt as yn in protte oare talen it gefal is.

Osmaanske nammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de yntroduksje fan 'e Wet op 'e Efternammen, yn 1934, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Herfoarmings fan Atatürk, hiene Turken gjin efternamme. Foar dy tiid brûkten se inkeld de foarnamme, of oars foegen se in patronym ta, troch harren foarnamme foarôf gean te litten troch de foarnamme fan harren heit, oanfolle mei it efterheaksel -oğlu ("soan fan"), bgl.: Mustafa-oğlu Mehmet, "Mehmet, soan fan Mustafa". Ek kaam it foar dat der ynstee fan in patronym in bynamme fan 'e famylje tafoege waard, lykas: Köselerin Hasan, "Hasan Köselerin". Sokke famyljebynammen binne ferlykber mei de famyljenammen dy't yn Nederlân bestiene foar't efternammen yn 1811 ferplichte waarden.

Yn 'e tiid fan it Osmaanske Ryk (1299-1923) brûkten Turken fan adel, ynstee fan it patronym, foarmen einigjend op -oğlu foarmen dy't einigen op -zade, wat letterlik betsjutte: "ôfstammeling yn 'e manlike line fan". Mei aadlike titulatuer koe in namme der dan bgl. sa útsjen: Sami Paşazade Mehmet Bey, "Mehmet Bey, ôfstammeling/soan fan Sami Pasja". Nei it útroppen fan 'e Republyk Turkije, yn 1923, waarden alle ideeën oer adel en aadlik komôf troch it nije rezjym fan Mustafa Kemal Atatürk nei de foddekoer ferwiisd. Sadwaande besteane der tsjintwurdich gjin aadlike efternammen yn Turkije.

Turkske efternammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De efternamme of famyljenamme hjit yn it Turksk de soyadı (meartal: soyadlar) of soyisim (mt.: soyisimler). De Wet op 'e Efternammen, út 1934, twong alle ynwenners fan Turkije foar it earst om in efternamme oan te nimmen. Dat wie in ûnderdiel fan 'e Herfoarmings fan Atatürk, dy't trochfierd waarden om 'e Turkske maatskippij mear yn oerienstimming mei de Westerske kultuer te bringen. Moderne Turkske efternammen binne in op patriargale ôfstamming (d.w.s. ôfstamming fia de heit) basearre nammesysteem, dat brûkt wurdt foar it ferwizen nei of oansprekken fan persoanen of hiele famyljes. Neffens de Turkske wet is de efternamme ien inkeld wurd, dat gjin ûnderskie makket nei sekse en gjin sekse-spesifike oanpassings hat, sa't bgl. mei de Russyske namme it gefal is (bgl. nammen einigjend op -ov feroarje dêr yn -ova as in frou de drager is). De Turkske efternamme is ek gjin patronym of matronym, mar giet sûnder feroaring oer fan 'e heit op syn wettige bern.

Alle Turken hawwe yn prinsipe mar ien efternamme. As in man en in frou trouwe, kriget de frou neffens de Turkske wet de efternamme fan 'e man. Mar as se dat wol, mei de frou har eigen efternamme (famkesnamme) oanhâlde, dy't dan yn 'e nammefolchoarder tusken har foarnamme(n) en de efternamme fan har man yn komt te stean. De efternamme fan har man bliuwt ek yn sokke gefallen lykwols har offisjele efternamme. Yn it gefal fan in skieding wurdt de famkesnamme fan 'e frou wer har offisjele efternamme. De rjochter kin in frou lykwols it rjocht jaan om troch te gean mei it brûken fan 'e efternamme fan har eks-man as har offisjele efternamme; dêrfoar moat de rjochter sawol de persoanlike sitewaasje fan 'e man as dy fan 'e frou yn omtinken nimme. In frou kin ûnder de Turkske wet mar twa efternammen hawwe: har eigen famkesnamme en de efternamme fan har man of eks-man. As se nei in skieding mei goedkarring fan 'e rjochter trochgiet mei it brûken fan sa'n dûbele efternamme, kin se dêr net noch in trêde efternamme oan taheakje as se wertrout. Yn sa'n gefal sil se de namme fan har earste man opjaan moatte.

In bern kriget ûnder de Turkske wet yn begjinsel de 'famyljenamme', d.w.s.: de efternamme fan 'e heit. As de mem net troud is, of as de heit ûnbekend is, kriget in bern de efternamme fan 'e mem. Ynwenners fan Turkije kinne harren efternamme feroarje troch dêr by de rjochtbank in fersyk ta yn te tsjinjen.

Turkske foarnammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foarnamme hjit yn it Turksk de ad (mt.: adlar) of de isim (mt.: isimler). Alle Turken hawwe teminsten ien foarnamme en gauris twa, en mar komselden mear as twa. Guon Turken dy't twa foarnammen hawwe, brûke dêrfan mar ien, lykas de skriuwer Ferit Orhan Pamuk, dy't bekenstiet as Orhan Pamuk. Oaren brûke beide foarhammen, lykas Ahmet Hamdi Tanpınar, in oare bekende skriuwer. Foarnammen wurde oan nijberne poppen jûn, en opnommen yn it Sintraal Boargerlik Registraasjesysteem (MERNIS) as der koart nei de berte in identiteitsdokumint foar de poppe oanmakke wurdt. Dêrfoar moat ien fan 'e âlden (almeast de heit) nei it berteregistraasjekantoar fan it distriktgûverneurskip ta.

De measte Turkske foarnammen binne seksespesifyk, en kinne dus inkeld oan jonges of oan famkes jûn wurde. Sa is Oğuz in echte jongesnamme, wylst Tuğçe in famkesnamme is. In oansjenlik tal moderne Turkske foarnammen kin lykwols sawol oan jonges as famkes jûn wurde. Foarbylden fan datsoarte nammen binne Aytaç, Deniz, Derya, Evren, Evrim, Özgür en Yücel. Oars as it gefal is mei populêre Ingelske foarnammen dy't tsjintwurdich oan sawol jonges as famkes jûn wurde (lykas Lesley of Morgan), binne de measte Turkske nammen fan dizze kategory altyd al brûkt foar beide seksen. Dêrby moat wol oantekene wurde dat guon fan soksoarte nammen wol mear foar de iene sekse brûkt wurde as foar de oare. Sa is Derya yn it foarste plak in famkesnamme dy't lykwols ek oan jonges jûn wurde kin, wylst Özgür faker oan jonges as oan famkes jûn wurdt.

Turkske foarnammen binne gauris wurden mei spesifike betsjuttings yn 'e Turkske taal. Sa betsjut Deniz: "see", en Ülkü: "ideaal". In besibbe kategory foarnammen is ûntliend oan personaazjes út 'e âlde Turkske mytology. Sokke 'lânseigen' Turkske nammen binne oer it generaal (foar Turken) maklik te ûnderskieden fan foarnammen dy't ûntliend binne oan útlânske talen, útsein as it giet om nammen dy't ek yn oare Turkske talen foarkomme, lykas it nau besibbe Azerbeidzjaansk. By Turkske foarnammen dy't ûntliend binne oan in oare taal, giet it gauris om fan oarsprong Arabyske nammen, dy't oernommen binne yn it ramt fan 'e islaam. Dêrfan besteane twa foarmen: âldere ûntlienings, dy't hielendal oan it klanksysteem fan it Turksk oanpast binne, en nijere ûntlienings, dy't mear op it Arabyske orizjineel lykje. In goed foarbyld fan dat ferskil wurdt foarme troch Mehmet en Muhammed, dy't beide fan it Arabyske Muhammad komme. It is frij gongber yn Turkije om in twadde foarnamme te jaan dêr't de (islamityske) godstsjinst mei oantsjut wurdt, lykas Muhammed of Ali.

Yn 'e Wet op it Oannimmen en Ynfieren fan it Turkske Alfabet út 1928, wêrfan't de oanhâldende jildigens fêstlein is yn 'e Turkske grûnwet, stiet dat op bertesertifikaten inkeld 'Turkske letters' brûkt wurde meie. Om't yn 'e Turkske fariant fan it Latynske alfabet de letters q, w en x net foarkomme, wurde dêrmei in soad hiel gewoane Koerdyske foarnammen útsletten fan offisjeel gebrûk, of der moat foar keazen wurde om sokke nammen op Turkske wize te transliterearjen.

Meast foarkommende nammen yn Turkije

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
top 10 foarnammen,
manlike poppen (2013)
top 10 foarnammen,
alle manlju (2013)
top 10 foarnammen,
froulike poppen (2013)
top 10 foarnammen,
alle froulju (2013)
top 10 efternammen
(2013)
Yusuf Mehmet Zeynep Fatma Yılmaz
Berat Mustafa Elif Ayşe Kaya
Mustafa Ahmet Ecrin Emine Demir
Emir Ali Yağmur Hatice Şahin
Ahmet Hüseyin Azra Zeynep Çelik
Ömer Hasan Zehra Elif Yıldız
Mehmet İbrahim Nisanur Meryem Yıldırım
Muhammed İsmail Ela Şerife Öztürk
Emirhan Osman Belinay Zehra Aydın
Eymen Yusuf Nehir Sultan Özdemir

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Osmaanske_namme

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy