Content-Length: 137304 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Elzas-Loataringen

Elzas-Loataringen - Wikipedy Springe nei ynhâld

Elzas-Loataringen

Ut Wikipedy
Rykslân Elzas-Loataringen
Reichsland Elsaß-Lothringen
01871–1918
flagge wapen
Folksliet: Elsässischen Fahnenlied
("Elzassyske Findelliet")
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Straasburch
offisjele taal Dútsk, Frânsk
steatsfoarm Rykslân fan it Dútske Keizerryk
ûntstien út Tredde Frânske Republyk
opgien yn Republyk Elzas-Loataringen
no diel fan Frankryk
sifers
ynwennertal    1.549.738 (1871)
1.815.000 (1905)
oerflak 14.522 km²

It Rykslân Elzas-Loataringen (Dútsk: Reichsland Elsaß-Lothringen of Elsass-Lothringen) wie in gebiet stifte troch it Dútske Keizerryk yn 1871, nei't it de Elzas en it departemint Moselle yn Loataringen ynlive hat nei de Frânsk-Dútske Kriich yn 1870. De Elzas lei yn de delling fan de Ryn oan de lofterigge en beëasten it berchtme fan de Fogezen. It part fan Loataringen wie de boppe kant fan de delling fan de Mûzel benoarden de Fogezen.
It gebiet besloech 93% fan de Elzas en 26% fan Loataringen, wylst de rest fan de gebieten by Frankryk bleaune. Om histoaryske reden binne guon wetlike regelings hjoed-de-dei noch hieltyd omskreaun as "pleatslike wet". Om syn spesjale wetlike status, is it gebiet, nei't it nei de Earste Wrâldkriich wer part fan Frankryk waard, as Elzas-Moselle oantsjutten.
Sûnt 2016 is it gebiet part fan de Frânske bestjoersregio it Grutte Easten.

Elzas-Loataringen hie in oerflak fan 14.496 km² en de haadstêd wie Straasburch. It wie ûnderferparte yn trije distrikten (Dútsk: Bezirke):

  • Boppe-Elzas (Oberelsaß), mei haadstêd Kolmar, hie in oerflak fan 3525 km² en komt oerien mei de hjoeddeiske departemint Haut-Rhin
  • Underelzas (Unterelsaß), mei haadstêd Straasburch, hie in oerflak fan 4755 km² en komt oerien mei it hjoeddeiske departemint Bas-Rhin
  • Loataringen (Lothringen), mei haadstêd Metz, hie in oerflak fan 6216 km² en komt oerien mei de hjoeddeiske departemint Moselle.

De grutste stêden yn Elzas-Loataringen wiene neffens de folkstelling fan 1910::

De moderne skiednis fan Elzas-Loataringen stie benammen yn it ramt fan de strideraasje tuske Frânske en Dútske nsjonalisme. Frankryk besocht syn gebiet út te wreidzjen nei syn "natuerlike grinzen", dy't de Pyreneeën yn it súdwesten, de Alpen yn it súdeasten en de rivier de Ryn yn it noardeasten. Dy strategyske oanspraken laten ta de ynliving fan gebieten bewesten de Ryn dy't by it Hillige Roomske Ryk fan de Dútske Naasje hearden. De Elzas wie stadichoan troch de Frânske kening Loadewyk XIV yn de rin fan de santjinde iuw ferovere, wylst Loataringen yn de achttjinde iuw ûnder Loadewyk XV bemastere wie.
It Dútske nasjonalisme, dat nei de Frânske besetting fan Dútslân ûnder Napoleon oplôge, woe alle Dútsktalige lannen fan it eardere Hillige Roomske Ryk fannijs ferienigje yn ien steat. Om't ferskate Dútske dialekten yn de Elzas en Moselle (noardlik Loataringen) troch de mearderheid fan de befolking sprutsen waard, waarden dizze streken troch Dútske nasjonalisten as wiere gebieten, dy't by in yn de takomst feriene Dútske steat hearre moatte, sjoen.

Anneksaasje troch Dútslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Frânsk-Dútske grinsoergong 1871-1918 by Foussemagne flakby Belfort
Dútske militêre patrûlje by de Zabern-Affêre

Yn 1871 easke it nije Dútske Keizerryk de Elzas op nei de oerwinning yn de Frânsk-Dútske Kriich fan Frankryk. It wie net allinne reden fan bestraffing, mar ek in strategysken ien. De anneksaasje waard net troch alle Dútsers tajubele: de Dútske Rykskânselier Otto von Bismarck wie der ynearsten op tsjin, om't er tocht dat it foargoed Frânske fijannigens foar Dútslân oer opsmite soe. Guon Dútske yndustriëlen wiene der op tsjin om't hja noed hiene fan konkurrinsje fan Elzassyske yndustry, lykas de kleanmakkers. Karl Marx warskôge der ek tsjin: As Elzas en Loataringen ynnaam wurde, sil Frankryk skielk yn oparbeidzjen mei Ruslân kriich fiere tsjin Dútslân. De ûnhillige gefolgen binne net nedich.
De Dútske keizer Willem I gie lykwols akkoard mei generaal Helmuth von Moltke, en oare Prusyske generaals en oaren dy't harren oppenearren dat in westlike útwreiding nedich wie foar militêre en strategyske reden, dêr't Elzas-Loataringen in militêre buffer foarme. De fortifikaasje fan Metz (alhoewol in Frânsktalige stêd) en Straasburch en de izeryndustry yn Loataringen kamen sadwaande yn Dútske hannen. Ek wie der in etnyske reden, om't de measten dêre in Dútsk-Alemannysk dialekt sprutsen.
Der wie lykwols noch politike ûnienichheid yn it Keizerryk. Prusen late it lykwols mei goed súkses, mar it Keizerryk wie in federale steat en de súdlike steaten Baden en Beieren wiene yn de Prusysk-Eastenrykske Kriich yn 1866 fijannen fan Prusen. Mei de Dútske weriening yn 1871 wiene Baden en Beieren yn de grûnwet fan it Keizerryk temjitte kaam oangeande harren grutte frijheid binnen it Keizerryk, lykas dat hja foar in grut part it foech oer harren eigen legers hiene. In soad Prusyske generaals wiene fan betinken dat it grinsgebiet mei Frankryk ûnder streekrjocht Prusysk foech komme moast. Mei it stiftsjen fan in Rykslân fan earder Frânsk grûngebiet waard mei dy winsk temjitte kaam. Alhoewol't it Rykslân net part fan Prusen wurde soe, kaam it streekrjocht ûnder it foech fan de troch Prusen dominearre oerheid yn Berlyn. Mei de anneksaasje fan Elzas-Loataringen waarden swierrichheden mei Baden en Beieren tefoaren kaam op it mêd fan bygelyks grinsfersterking.
It anneksearre gebiet bestie út it noardlike part fan Loataringen en de Elzas. It gebiet om de stêd Belfort hinne (hjoed-de-dei it Frânske departemint Territoire-de-Belfort) en it gebiet om de stêd Montbéliard hinne (besuden Belfort dat sûnt 1816 part fan it departemint Doubs wie) wiene net mear sjoen as dielen fan de Elzas en kamen dus net by it Keizerryk. It gebiet komt oerien mei de Frânske departeminten Bas-Rhin, Haut-Rhin (útsein Belfort en Montbéliard), in lyts stikje fan it departemint Vosges, dy't allegear part fan de Elzas wiene, en de departeminten Moselle (fjouwefyfde) en it noardeasten fan Meurthe (ientred), dy't it eastlike part fan Loataringen wiene. De rest fan Meurthe waard mei it oerbleaune diel fan Moselle foege en foarme it nije departemint Meurthe-et-Moselle.
De nije grins tusken Frankryk en Dútslân waard yn 1871 min ofte mear de taalgrins tusken de Frânske en Dútske dialekten, útsein yn in pear dellings oan de Elzassyske kant fan de Fogezen, en yn de súdlike helte fan wat no Dútsk-Loataringen neamd waard mei de stêd Metz en it gebiet fan Château-Salins. Dy gebieten wiene Frânsktalich. De Dútske oerheid liet njonken it Dútsk ek it gebrûk fan it Frânsk yn dy gebieten ta, ta tsjinstelling fan syn taalbelied yn de provinsje Posen oangeande it Poalsk. Nei it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich yn 1914 waard it Frânsk ferbean.
It Ferdrach fan Frankfurt joech bewenners fan it gebiet oant 1 oktober 1872 de tiid en kies tusken ferhûzje nei Frankryk of yn it gebiet bleauwe en Dútsk steatsboarger wurde. Sa'n 161.000 (10,4% fan de befolking fan Elzas-Loataringen) keazen foar Frânsk boargerskip, mar sa'n 50.000 ferfearen einlings, wylst de rest Dútsk boarger waarden.
It longerjen foar oansluting by Frankryk bleau frij sterk yn de earste sechtjin jier nei de anneksaasje. It Rykslân Elzas-Loataringen bleau ûnder streekrjocht besjoer fanút Berlyn oant 1911, doe't it beheinde autonomy krige. Dêrby wie ek in eigen grûnwet en steaten, syn eigen flagge en folksliet: Elsässisches Fahnenlied ("Elzassyske Findelliet").
Nei 1880 waard de oansluting fan Elzas-Loataringen minder wichtich by de Frânske bûtelânpolityk, benammen nei it ferdinen fan monargistyske eleminten. Mar nei it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich waard it wer ien fan de wichtichste doelen. Yn de iere tweintichste iuw naam it militarisme yn Jeropa ta en troch brekme oan ûnderhannelings late dat ta strang hanneljen oangeande Elzas-Loataringen yn de Earste Wrâldkriich. Dútske autoriteiten treden gauris hurder op tsjin de befolking fan Elzas-Loataringen, lykas by de Zabern-Affêre it gefal wie. Dat fersterke de kleau tusken de Elzassers en de Dútsers fierder. Lykwols ferbûn it opkommende sosjalisme de yndustryarbeiders boppe de nasjonale skieding út. Dútsksinnich blaunen ek de lutheranen yn it noarden fan'e Elzas. Nei it útbrekken fan de kriich brûkten beide de Frânske en Dútske oerheid de befolking fan Elzas-Loataringen as propagandamiddel. De Frânsken op harren bart pakten Dútske boargers en feteranen út de kriich fan 1870 op en guon waarden yn kampen opsletten. De Dútske stelden it Dútsk yn it plak fan Frânsk as taal fan betsjoer en gerjocht. De earder ferfrânske plak- en stjitnammen waarden ferdútske. Dútske autoriteiten waarden noedlik oer it tanimmende Frânske nasjonalisme; Elzassyske soldaten dy't yn it Dútske leger tsjinnen, waarden dêrom yn 1914, doe't de folgjende oarloch útbruts, almeast nei it eastfront of op see stjoerd, om oerstappen nei it Frânske leger tefoaren te kommen. Sa'n 15.000 Elzassers en Loataringers tsjinnen yn de Dútske marine.

Anneksaasje troch Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Utroppen fan de Republyk op 10 novimber 1918

Yn de Novimberrevolúsje fan novimber 1918 kamen Marksistyske rieden fan arbeiders en soldaten (Soldaten und Arbeiterräte) byinoar yn Mulhouse, Colmar en Straasburch, lykas yn in soad oare Dútske stêden barde en in spegeling wie fan it barren yn de Russyske Revolúsje.
Yn dy snuorje ferklearre de Lândei fan Elzas-Loataringen himsels as it haadbestjoer fan it lân, de Nationalrat; de Sowjet fan Straasburch rôp de Republyk Elzas-Loataringen út, wylst de ôffurdige fan Colmar fan de SPD yn de Ryksdei, Jacques Peirotes, Frânsk bestjoer oer it gebiet buorkundich makke. Hy trúnde der by Parys op oan sa hurd mooglik troepen te stjoeren.
De Sovjetrieden heften harsels op nei it ferfarren fan de Dútske troepen tusken 11 en 17 novimber. Frânske troepen, dy't yn it gebiet oankamen, koe al it opskuor wer ûnder kontrôle bringe en holden it gebiet ûnder in militêre besetting. Frânske troepen berikten Straasburch op 21 novimber en de Nationalrat ferklearre op 5 desimber de Frânske anneksaasje fan Elzas-Loataringen. Dat waard ynternasjonaal pas erkend mei it Ferdrach fan Versailles yn 1919.
Elzas-Loataringen waard ferdield yn de departeminten Haut-Rhin, Bas-Rhin en Moselle, lykas as foar de Dútske anneksaasje mar mei justjes de grinzen dy't ûntstien binne yn 1871. Hjoed-de-dei hawwe dy gebieten oare wetten as de rest fan Frankryk, dy't bekend steane as "pleatslike wetten".
De Frânske oerheid begûn daliks mei it ferfrânskjen fan it gebiet. Dútsktalich ûnderwiis en Elzassyske kranten waarden ferbean. Amtners en ûnderwizend persoaniel, dy't yn it gebiet nei 1870 delstrutsen hiene, waarden twongen it gebiet te ferlitten. .
Om't Parys de winsk fan in soad Elasassers om mear autonomy en behâld fan taalrjochten net neikomme woe en lieders fan de automistenparty yn it gefang brocht krige dy party geandewei in soad oanhing.
Mei de Dútske besetting, yn 1940, fan Frankryk yn de Twadde Wrâldkriich waard Elzas-Loataringen by Nazy-Dútslân ynlive, dêr't Loataringen by de Ryksgoa Westmark foege waard en de Elzas mei Baden ferienige waard. In nazy-feroardering yn 1942 ferklearre ynwenners fan Elzas-Loataringen as Dútske steatsboargers en jonge Elzassyske en Loataringske manlju krigen tsjinstplicht by de Wehrmacht. Dy groep waard bekend as de malgré-nous, dat "tsjin ús sin" betsjut. Sa'n 100.000 manlju út Elzas en 30.000 út Moselle fochten yn de Wehrmacht. De measten waarden nei it Eastfront yn de Sowjetuny stjoerd, mar guon fochten ek tsjin de Alliëarden yn Normandje nei D-Day. Nei de befrijing kaam Elzas-Loataringen foargoed by Frankryk. Om't fuortbestean fan it brûken fan Dútsk(e dialekten} foargoed út de wrâld te bringen waard stranger as yn 1919 it Frânsk as taal oplein.

It tradysjonele taalbyld, dat hjirûnder oanjûn wurde sil, wie oant sa'n 1950 noch wol mar al ôfnimmend yn wêzen. No is it taalskiednis wurden.

Dialekten sprutsen yn Elzas-Loataringen yn de tweintichste iuw

Germaanske en Romaanske dialekten waarden oarspronklik foar de tweintichste iuw yn it gebiet sprutsen. Germaanske dialekten:

Om 1900 hinne sprutsen der:

  • Dútsk en Germaanske dialekten: 1.492.347 (87%)
  • Frânsk en Romaanske dialekten: 198.318 (13%)
  • Italjaansk: 18.750 (1%)

Om 2020 hinne wurdt der noch mar troch in minderhyd fan âlderein in Dútsk dialekt sprutsen. Hja drage dy dialekten lykwols kwalik mear oer oan nije ginneraasjes. Op de middelbre skoalle kinne de bern dan al Heechdútsk as in 'fremde taal' leare.

Statistyk yn 1910: Befolking: 1,874,014

  • Katolyk: 76%
  • Protestantsk: 22% (19% Lutersk, 3% kalvinistysk)
  • Joadsk: 2%
  • Oare kristlike leauwe: 0,2%
  • Ateïst: 0,1%








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Elzas-Loataringen

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy