Content-Length: 199789 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Fenysje

Fenysje - Wikipedy Springe nei ynhâld

Fenysje

Ut Wikipedy
Fenysje
𐤐𐤕
Pūt (Fenisysk)
Φοινίκη
Phoiníkē (Gryksk)
02500 f.Kr. - 539 f.Kr.
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd gjint; wichtige stêden wiene: Byblos (2500–1000 f.Kr.) en Tyrus (900–550 f.Kr.)
offisjele taal Fenisysk
Punysk
steatsfoarm stêdsteaten behearske troch keningen
ûntstien út Kanaäniten
Hettityske Ryk
Egyptyske Ryk
opgien yn Achaemenidysk Fenysje
Kartago
no diel fan Israel
Libanon
Syrje
oerflak 20.000 km² (1000 f.Kr.)
De kultueren yn it Midden-Easten om 1200 f.Kr. hinne

Fenysje of Fenisië (Latyn: Phoenicia, fan it Aldgryksk: Φοινίκη, Phoiníkē), wie yn de Aldheid de namme fan de fruchtbere kuststripe tusken it Libanonberchtme en de Middellânske See. Fenysje omfieme in oantal selsstannige stêden, wêrûnder Byblos, Beirût, Tyrus, Sidon en Akko, dy't tusken 1200 en 800 f.Kr. harren grutste bloei meimakken. Yn 63 f.Kr. waard it gebiet tegearre mei Syrje by it Imperium Romanum ynlive en waard sadwaande part fan de provinsje Syria.

De bewenners fan Fenysje rekken harren ta de Kanaäniten en wiene besibbe mei de Semityske bewenners fan Palestina. De Fenysjers kamen op de foargrûn nei de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid om 1150 f.Kr. hinne. Troch de iuwen hinne wienen de Fenysjers de wichtichste frachtferfierders en hannelers fan it Middellânske Seegebiet. Harren betsjutting foar de wrâldskiednis leit yn it feit dat sy oeral by de kust del (oant Cádiz) koloanjes stiften dy't stadichoan selsstannige steaten waarden. De wichtichste Fenysyske koloanje wie Kartago.

Harren meast ferneamde neilittenskip wie it Fenisysk Alfabet dat se oer it Middellânske Seegebiet stjoerd hiene.

De namme "Fenysje" waard nei alle gedachten algemien om't de Griken it folk dêre mei phoiniki (Gryksk Φοινίκη Phoiníkē) oantsjutten. De namme giet faaks tebek op it eardere Lineêr B ponikijo, dat fan de âlde Egyptners oernaam waard dy't Fnkhw foar "Syrjers" brûkten.
Om't dat wurd hast itselde hearde as it Grykske wurd φοῖνιξ (phoînix) waard it dêroan synonym, fanwegen de belutsenens fan dat folk mei de ferneamde poarperkleurstof (Tyrysk poarper) troch it fangen en ferwurkjen fan poarperslakken. De Fenysjers wiene ferneamd om harren dadels en kleurstoffen, dêrfan komt it dat de Griken Fenysje "poarperlân" neamden.

De lânseigen namme foar it lân wie 𐤐𐤕 (Pūt) en foar it folk wie 𐤐𐤍𐤉𐤌 (Pōnnim).

Der is net in soad fan Fenisysk skriuwen en literatuer oerlevere. Itjinge dat bekend oer harren is, komt fan boarnen om utens, sa as fan oare beskavings, en fan archeologysk ûndersyk

De Kanaänityske kultuer, dêr't de Fenysyske kultuer fan ôfstammet, ûntwikkele himsels yn de kopertiid. Byblos is in archeologysk fynplak fan de iere brûnstiid. De stêd Ugarit is in archeologysk fynplak fan de lette brûnstiid, en wurdt archeologysk sjoen ta Kanaän rekkene, dochs heart de Ugarityske taal net ta de Kanaänityske taalfamylje.

Guon skiedkundigen tinke dat der bewiis is dat de Semiten harren ferspraten oer de Fruchtbere Healmoanne hinne om sa'n 2500 f.Kr. hinne, wylst oaren tinke dat de Fenysjers in mingsel binne fan de eardere net-Semtyske bewenners mei de Semityske nijkommers. Herodotus leaude dat de Fenysjers fan oarsprong út Bachrein ôfkomstich wiene, itjinge de lettere skriuwer Strabo it ek mei iens wie. Genetysk ûndersyk hat lykwols sjen litten dat de Libanezen fan hjoed-de-dei fan in befolking, dy't besibbe oan de Kanaäniten wie, ôfstamje.

Fenysyske hannelsrûtes

Der waard mear oer Fenysje bekend troch de bemasterings fan it gebiet troch farao Tûtmosis III (1479-1425 f.Kr.). De Egyptners foelen de havenstêden Byblos, Arwad en Ullasa oan om't dy krúsjale ferbinings mei it efterlân (troch de rivieren de Nahr al-Kabir en de Orontes) hiene. Dy stêden joegen Egypte tagong ta de hannel mei Mesopotaamje, en tagong ta in grutte hoemannichte sederhout yn it gebiet. Yn it midden fan de fjirtjinde iuw f.Kr. waarden de Fenisyske stêdsteaten fazalsteaten fan Egypte. Tyrus, Sidon, Beirût en Byblos waarden de wichtichste stêden. De Fenysjers hiene in soad autonomy en harren stêden wiene gegoed en goed ûntwikkele. Byblos wie de wichtichste stêd bûten Egypte en wie in mulpunt fan it meitsjen fan brûns. Sidon en Tyrus krigen ek in soad belangstelling fan de Egyptners en sa ûntstie der stadichoan in ûnderlinge striid tusken de stêden.

De Amarna brieven neame dat fan 1350 oant 1300 f.Kr. de buorlju fan de Fenysjers, de Amoriten en Hettiten, Fenisyske stêden oanfoelen, benammen yn it noarden. Egypte ferlear syn greep op de kuststripe fan Ugarit, yn noardlik Syrje, oant Byblos yn Mid-Libanon.

Yn it tiidrek fan de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, tusken 1200 oant 1150 f.Kr., ferswakten en stoarten de measte beskavings fan dy tiid yn, lykas dy fan de Egyptners, de Hettiten en Myseensk Grikelân. De Fenisyske beskaving oerlibbe dy stoarm en kaam lykwols om 1230 f.Kr. hinne op en ûntjoech him fluch dêrnei. Dat tiidrek wurdt ek wol de "Fenisyske renêssanse" neamd. De Fenysjers waarden de wichtichste hannelers en seemacht yn de omkriten en soene dat foar de folgjende iuwen bliuwe.

Hja waarden de wichtichste hannelers yn it Middellânske Seegebiet en stiften yn de tsiende iuw f.Kr. fannijs de lange hannelsrûte tusken Egypte en Mesopotaamje. Al yn de iere izertiid stiften de Fenysjers havens, warehuzen, merken en delsettings oan de kusten fan it Middellânske Seegebiet en it suden fan it Swarte Seegebiet. Koloanjes waarden stifte op Syprus, Sardynje de Balearen, Sisylje en Malta en oan de kusten fan Noard-Afrika en it Ibearysk skiereilân.

Yn dy tiid waard Tyrus de rykste en machtichste Fenisyske stêdsteat, benammen ûnder de hearskippij fan Hiram I (969-936 f.Kr.) en Itobaal I (887-856 f.Kr.). Tyrus wreide syn gebiet út nei it noarden oant Beirût ta, en oermastere syn âlde rivaal Sidon. Ek parten fan Syprus waarden oermastere. Itobaal neamde himsels "kening fan de Sidoanjers" en dy titel waard ek troch syn opfolgers brûkt. Dêrby kaam hast gâns Fenysje ûnder ien hearsker.

Yn de lette izertiid, tusken 750 en 650 f.Kr. wie de Fenisyske skipbou, hannel en kultuer op syn hichtepunt. De Fenisyske ynfloed oer it Grykske "easten" wie frij grut. Harren meast ferhannele produkt wie fijn tekstyl, ornaris kleure mei Tyrysk poarper. De Ilias fan Homearus, dy't yn dy tiid skreaun waard, ferwiisde gauris nei de kwaliteit fan de Fenisyske klean en metalen dingen.

Stifting fan Kartago

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Kartago.

Kartago waard stifte troch Fenysjers fan Tyrus, nei alle gedachten as in tuskenstop fan de metaalhannel mei it Ibearysk skiereilân. De namme fan de stêd yn Punysk Qart-Ḥadašt (𐤒𐤓𐤕 𐤇𐤃𐤔𐤕‎), betsjut "Nije Stêd". Guon boarnen, sa as dy fan Filistos fan Sisylje, wolle hawwe dat Kartago om 1215 f.Kr. hinne stifte waard, far de fal fan Troaje. De Grykske skriuwer Timeüs fan Tauromenium, om 300 f.Kr. hinne, oppenearre dat Kartago yn 814 f.Kr. stifte waard, itjinge oannaam wurdt troch de measte hjoedddeistige skiedkundigen. Kartago woeks út ta in multy-etnysk ryk, dat grutte parten fan Noard-Afrika, Sardynje, Sisylje, de Balearen, Malta en súdlik Ibearje omfiemje soe. It ryk waard yn de Punyske Oarloggen (264-146 f.Kr.) troch de Romeinske Republyk ferneatige en Kartago waard dêrnei fannijs opboud as in Romeinske stêd.

Under Assyrje en Babyloanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Twa brûnzen fragminten fan in Assyryske paleisdoar, dy't in kolleksje fan de Fenisyske stêden Tyrus en Sidon foarstelt

De Fenysjers wiene in hannelsmacht mei in smelle stripe lân oan de kust. Dêrtroch wie it lân net grut genôch en hiene se net genôch manlju en foarmje in grut leger. Doe't oanswettende lannen machtiger waarden, kamen de Fenysjers ûnder de hearskippij fan hearskers om utens.

De Assyryske bemastering fan Fenysje sette útein ûnder kening Salmanasser III, dy't yn 858 f.Kr. oan de macht kaam en dy't mei in stikmannich militêre tochten tsjin oanswettende lannen úteinsette. De Fenisyske stêdsteaten kamen ûnder syn hearskippij en moasten hege belestings, yn jild, guod, en grûnstoffen, oan him betelje. Ynearsten bleaune se fazalsteaten fan de Assyrjers. Dat feroare ûnder kening Tiglat-Pileser III yn 744 f.Kr. Yn 738 f.Kr. waard it grutste part fan de Levant, mei noardlik Fenysje ynbegrepen, anneksearre. Allinnich Tyrus en Byblos, de machtichste stêdsteaten, bleaune as fazalsteaten bestean en bûten streekrjocht Assyrysk bewâld.

Tyrus, Byblos en Sidon kamen yn opstân tsjin de Assyrjers. Yn 721 f.Kr. belegere Sargon II Tyrus en sloech de opstân del. Syn opfolger Sanherib sloech fierdere rebûljes del yn it gebiet. Yn de sânde iuw f.Kr. bleau Sidon de Assyrjers bestriden, mar waard ta einbeslút folslein ferneatige, en syn befolking waard ta slaven makke. Op it plak fan de ruïne waard in nije stêd boud. Oan de ein fan dy iuw rekke it Assyryske Ryk ferswakke troch in stikmannich opstannen, dat ta it ferneatigjen fan harren ryk troch it Medyske Ryk late.

Babyloanje, dat in fazalsteat fan it Assyryske Ryk wie, makke gebrûk fan it neigean fan it Assyryske Ryk en de Babyloanjers stiften al rillegau it Nijbabyloanyske Ryk. De Fenysjers kamen yn ferwar tsjin de Babyloanjers, mar kening Nebûkadnêzer II belegere Tyrus yn 587 f.Kr. trettjin jier lang. Ta einbeslút joech dy him oan de kening oer.

It bouwen fan pontonbrêgen oer it Ksekseskanaal troch Fenysjers yn de Gryksk-Perzyske Oarloggen
Munten fan Straton I fan Sidon yn de Achaimenidyske tiid. Hy stiet efter de Perzyske kening op de striidwein

Yn 539 f.Kr. naam Syrus de Grutte, de kening en stifter fan de Achaimeniden, dy't oer it Perzyske Ryk hearsken, Babylon yn. Ek Fenyskje kaam ûnder Perzysk gesach. It grutste part fan de Levant waard troch Syrus yn ien satrapy (provinsje) foarme en dy moasten in jierlikse belesting fan 350 talinten betelje, dat rûchwei de helte fan dy fan Egypte en Lybje wie.

Fenysje waard ferparte yn fjouwer fazalkeninkriken; Sidon, Tyrus, Arwad en Byblos, dy't in reedlik grutte autonomy krigen. Ta tsjinstelling fan oare parten fan it Perzyske Ryk, binne der gjin boarnen bekend dy't oer Perzyske amtners yn de Fenisyske stêdsteaten prate. Pleatslike Fenisyske keningen mochten oan de macht bliuwe en waarden deselde rjochten as de Perzyske atrapen jûn, sa as erflike opfolging en it slaan litten fan harren eigen munten.

De Fenysjers wiene in soad wurdich foar it Perzyske Ryk, benammen foar harren kunde yn skipbou en skipfeart. Hja bouden it grutste part fan de Perzyske float yn de Gryksk-Perzyske Oarloggen yn de lette fyfde iuw f.Kr. Fenysjers ûnder Kserkses I bouden it Ksekseskanaal en pontonbrêgen oer dat kanaal, sa't de Perzyske troepen it Grykske fêstelân ynfalle koene. Nettsjinsteande waarden se swier bestraffe troch de Perzyske kening nei't er de Slach by Salamis ferlear en hy beskuldige harren fan leffens en fûn dat se neat wurdich wiene.

Yn it midden fan de fjirde iuw f.Kr. late kening Tennes fan Sidon in mislearre rebûlje tsjin de Perzyske kening Artkserkses III mei help fan de Egyptners. Sidon waard ferneatige en dat late ta it fannijs oplibjen fan Tyrus, dy't de wichtichste Fenisyske stêd waard oant it kommen fan Aleksander de Grutte.

Hellenistyske tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De belegering fan Tyrus troch Aleksander de Grutte troch André Castaigne (1898-1899)

Fenysje wie ien fan de earste gebieten dy't troch Aleksander de Grutte oermastere waard yn syn militêre tochten yn westlik Aazje. Aleksander syn wichtichste doel yn de Levant wie Tyrus, om't dat de grutste en wichtichste stêd yn de omkriten wie. Tyrus joech him nei in belegering fan sân moanne lang oer, dêr't in soad fan de befolking nei Kartago flechten. Tyrus wegere Aleksander de timpel fan Melkart besykje te litten dat ta it deadzjen fan syn ôffurdigen late. Aleksander liet dêropta twatûzen fan de foaroansteande ynwenners fan de stêd krusigje en in marionet waard as hearsker oer de stêd oansteld. De rêst fan Fenysje kaam folle makliker ûnder Aleksander syn gesach, dêr't Sidon ûnder oaren him freedsum oerjoech.

Aleksander syn ryk hie ta doel en hellenisearje de oermastere folken, dêr't de Grykske kultuer, leauwe en taal ferspraat en oplein waarden. Dat waard ornaris dien troch it stiftsjen fan nije stêden, om dêr Grykske kolonisten ferhúzje hinne te litten. Ek de nammen fan de oarspronklike stêden waarden fergrykske. Der wie lykwols gjin organisearre hellenisearring geande yn Fenysje, en de measte Fenisyske stêden holden harren oarspronklike nammen, op in pear úsûnderings nei. Grykske kolonisaasje en it oanstellen fan Grykske amtners yn Fenysje waarden beheind.

De Fenysjers ûnderholden nauwe bannen mei Kartago. De Seleusidyske kening Demetrius I ûntsnapte út Rome wei en ferfear mei in Kartaachske boat, dy't guod nei Tyrus ta levere. Troch de hannelskontakten dy't de Fenysjers mei de Griken hiene, late dat ta it makliker oannimmen fan de Masedoanyske hearskippij troch de Fenysjers

Doe't Aleksander syn ryk nei syn dea yn 323 f.Kr. útinoar foel, kaam Fenysje ûnder ien fan syn opfolgers, de Seleusiden, dy't harren sintrum yn Syrje hiene. Nei de Syryske Oarloggen waard Fenysje troch in oare opfolger fan Aleksander, de Ptolemeeërs, dy't harren sintrum yn Egypte hiene, oermastere yn de tredde iuw f.Kr. De folgjende iuw kaam Fenysje wer oan de Seleusiden oant it midden fan de earste iuw f.Kr. Under harren hearskippij hiene de Fenysjers in reedlik grutte autonomy. Yn 82 f.Kr. waard it Seleusidyske Ryk, mei Fenysje ynbegrepen, oermastere troch kening Tigranes de Grutte fan it keninkryk Armeenje. Om't harren buffersteat troch in fijân bemastere waard, griep Rome yn en anneksearre it gebiet. Fenysje waard by de Romeinske provinsje Syria yndield. Yn de tredde iuw n.Kr. waard Fenysje in selsstannige provinsje.

Fenysje hat nea in ienheidssteat west. It wie ferparte yn in oantal poleis. De wichtichste fan dy poleis wiene Arad, Beirût, Byblos, Sidon en Tyrus. Underlinge konflikten kamen wolris foar, mar bewapene konflikten kamen amper foar.

Lange jierren wiene dy poleis ûnderhearrich oan de grutte riken yn it gebiet, lykas it Assyryske Ryk of it Perzyske Ryk fan de Achaimeniden, dêr't se wol in reedlike grutte autonomy by holden. De Fenysyske stêden leveren boppedat it grutste part fan de kriichsfloat fan it Perzyske Ryk. Yn de Klassike Aldheid wiene de Fenysjers yn de seehannel de grutste konkurrinten fan de Griken.

Fan de tsiende iuw f.Kr. ôf stiften de Fenysjers hannelsposten en tuskenstoppen yn it gânse Middellânske Seegebiet. De Fenysjers stiften stêden benammen op Syprus, Sisylje, Sardynje, Malta, Noard-Afrika, de Baleären en súdlik Ibearje.

Ek de Fenisyske koloanjes wiene reedlik autonoom, hoewol't de koloanjes in jierliks tribút nei de memmestêd stjoerden. Sels nei de ûnôfhinklikens fan Kartago, stjoerde dy stêd noch tributen nei syn memmestêd Tyrus.

De kultuer fan Fenysje wie besibbe mei dy fan de oare Kanaäniten. Op grûn fan syn geografyske lizzing en lettere hannelskontakten, waard de kultuer fan Fenysje beynfloede troch dy fan Minoysk Kreta, it Alde Egypte, Mesopotaamje en de kultueren fan it Middellânske Seegebiet. Yn de lette izertiid , sa om 1300 f.Kr. hinne, ûntwikkele Fenysje ta in eigen selsstannich folk, mei syn eigen kultuer, taal en ekonomy dêr't it grûnwurk fan op de seehannel lei.

19e iuwske ôfbyld fan Fenisyske seehannelers. It belang fan de Fenysyske hannel late ta it dielen fan de macht fan de kening mei hannelsfamyljes.

De Fenisyske stêdsteaten wiene ûnôfhinklik faninoar yn binnenlânske en bûtenlânske saken. Alliânsjes tusken stêden kamen komselden foar. De macht en de ynfloed fan de stêden feroare troch de tiid hinne. Sidon wie de machtichste stêd yn de tolfde en alfde iuw f.Kr. en hie in reedlike ynfloed oer syn buorlju, mar fan de tsiende iuw f.Kr ôf waard Tyrus de machtichste.

De Fenisyske maatskippij wie sterk ferdield yn klassen en wie sterk monargaal, benammen yn de iere jierren. De stêden hiene keningen, dêr't it keningskip erflik fan wie en dy't de absolute macht hiene oer boargerlike, kommersjele en religieuze saken. Hja betrouden op amtners fan de aadlike en hannelsklasse; it preesterskip wie in selsstannige klasse, dy't ornaris bestimd wie foar keninklike of foaroansteande hannelsfamyljes. De kening waard sjoen as in ôffurdige fan de goaden en fierde in soad religieuze rituelen út.

Fan de fyftjinde iuw f.Kr. ôf, waarden de Fenisyske keningen rieplachte troch rieden of gearkomsten en dy waarden stadichoan machtiger. Yn de sechsde iuw f.Kr., ûnder de Babyloanyske hearskippij, naam Tyrus foar in skoftke in systeem oan, dy't bestie út in pear rjochters, sufetes, dy't keazen waarden troch de machtichste aadlike famyljes, en se tsjinnen mar koarte amtsterminen.

Doe't it leger fan Aleksander de Grutte foar Tyrus oer stie, kaam de kening harren net temjitte, mar ôffurdigen fan it mienebest fan de stêd.

In stêle fan Tyrus mei Fenisyske ynskripsjes (4e iuw f.Kr.), Nasjonale Museum yn Beirût.

Nei de kening en syn rie, wiene de wichtichste politike funksjes yn hast eltse Fenysyske stêdsteat dy fan de lânfâd en de legeroerste. Der is net folle oer harren funksjes bekend, mar it is wol wis dat de lânfâd ferantwurdlik wie foar it ûntfangen fan belestings, it hjitten fan oarderings, it oersjen fan de rjochters, en it neifolgjen fan de wet. Om't kriichsfiering komselden foarkaam by de Fenysjers, wie de legeroerste ferantwurdlik foar de ferdigening en de feiligens fan de stêdsteaten en harren efterlân.

De Fenysjers hiene in systeem fan rjochters en rjochthoven, dy't it rjocht útsprutsen en misdriuwen bestraften neffens in kodifisearre wet. Wetten waarden ferwêzentlike troch de steat en dy wiene de ferantwurdlikens fan de hearsker en de oanstelde amtners. Lykas yn oare Levantynske maatskippijen wiene de straffen wreed en befoaroardiele. In moard op in boarger wie minder serieus as dy op in ealman. De boppeste klasse hiene de measte rjochten en dy waarden frijsteld fan swiere straffen, en koene harren straffen gauris ôfbetelje. Frije manlju fan alle klassen koene harren sels ferstjintwurdigje yn it rjochthof en dy hiene mear rjochten as froulju en bern, wylst slaven gjin rjochten hiene. Hja koene harren froulju, bern of slaven foar harren straffen útsitte litte ynstee fan harren sels. Abbekaten kamen stadichoan yn it amt foar dejingen dy't harren saak sels net bepleitsje koene.

De Fenysjers hiene net folle ynteresse yn bemasterings fan oare gebieten en wiene in reedlik freedsum folk. De woltierigens fan alle stêdsteaten kamen fan de seehannel, dêr't it fan belang wie goede relaasjes te hawwen en in seker mienskiplik betrouwen te hawwen. Hja hiene in tekoart oan gebiet en grûnstoffen om in grut leger op te bouwen. Eltse stêd hie in legeroerste dy't fearntwurdlik wie foar de ferdigening en de feiligens fan de stêd.

De Wikipedy hat ek in side Fenisysk.
De Wikipedy hat ek in side Punysk.
Sarkofaach fan Ahiram mei de âldste ynskripsje fan it Fenysyske alfabet

It Fenisysk wie part fan de Kanaänityske taalfamylje, da't in taalkloft fan de Semityske talen wie. It Punysk, dat fan it Fenysysk ôfstamme, waard yn it Kartaachske Ryk sprutsen. It Punysk waard oant de fyfde iuw n.Kr. noch sprutsen en dat waard noch neamd troch de hillige Augustinus

De Wikipedy hat ek in side Fenisysk Alfabet.

Om 1050 f.Kr. hinne ûntwikkelen de Fenysjers in skrift om yn harren eigen taal te skriuwen. It Kanaänitysk-Fenisysk skrift bestie út 22 letters, dy't allegear in bylûd wiene. It is mooglik dat it in soarte fan trochsetting wie fan it Protosinaïtysk (Protokanaänitysk) skrift, dat ûntwikkele waard yn de lette brûnstiid yn de Sinaï of yn Kanaän. Troch harren seehannel ferspraten de Fenysjers harren alfabet nei Anatoalje, Noard-Afrika en Jeropa. De namme "Fenisysk" waard oan ynskripsjes fan 1050 f.Kr. ôf jûn, om't Fenisysk, Hebriuwsk en oare Kanaänityske dialekten dêrfoar slim faninoar te ûnderskieden wiene. Fenysyske ynskripsjes waarden fûn yn Libanon, Syrje, Israel, Syprus en oare plakken oant yn de iere kristlike tiid ta.

It alfabet waard oannaam en oanpast troch de Griken mooglik yn de achtste iuw f.Kr. Dat barde net yn ien kear, mar troch in proses fan kommersjele útwikselings. It Fenisyske alfabet waard mooglik troch Fenysyske emigranten nei Kreta ta brocht en dêr wei fersprate it stadichoan nei it noarden.

In byldsje fan Baäl mei de earm omheech, dat by Ugarit, yn it uterste noarden fan Fenysje, fûn waard (14e-12e iuw f.Kr.). Museum fan de Louvre yn Parys.

De religy dy't útoefene waard yn Fenysje wie besibbe oan dy fan syn Kanaänityske buorlju, dy't op syn bart in soad skaaimerken hie dy't oerienkamen mei dy yn oare parten fan de Semityske wrâld. Religieuze rituelen wiene benammen ornearre foar doelen fan de stêdsteaten; it beteljen fan belestings waard as religieuze offerings sjoen. In soad Fenisyske religieuze teksten binne spitigernôch ferlern gien.

Ferskate Kanaänityske gebrûken, dy't troch âlde boarnen en troch skiedkundigen neamd waarden, wiene timpelhuorkerij en berne-opoffering. Soksoarte plakken, bekend as tofeten waarden brûkt troch de Fenysjers en "ferbrân harren jonkjes en harren famkes yn it fjoer". Dy rituelen waarden troch Jahweh yn de Hebriuwske Bibel feroardiele, benammen yn Jeremia 7:30-32 en 2 Keningen 23:10 en 17:17. Nettsjinsteande dy en oare wichtige ferskillen, wiene der ek noch wol kulturele en religieuze oerienkomsten tusken de âlde Hebreeërs en Fenysjers.

De Kanaänityske mytology blykt net sa wiidweidich te wêzen as dy fan syn Semityske sibben yn Mesopotaamje. Yn Kanaän waard de oppergod El (𐤀𐤋, "god") neamd. De soan fan El wie Baäl (𐤁𐤏𐤋, "master", "heare"), in wichtige stjerrende-en-opsteande stoarmgod. Oare goaden waarden by harren keninklike titels neamd, lykas Melkart, dat "kening fan de stêd" betsjut, of Adonis, dat "heare" betsjut.

Religueuze gearkomsten, sa as bygelyks yn Tyrus, waard de marzeh (𐤌𐤓𐤆𐤄, "plak fan gearkommen") neamd, en dat wie ek in plak foar sosjale moetings. De Marzeh hold banketten foar harren leden op feestdagen. Yn Kartago, dêr't in republikeinsk regearsysteem ûntstie, begûn de marzeh in politike rôl te spyljen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. Herm, Die Phönizier. Das Purpurreich der Antike, München, 1985. ISBN 3430144523

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.










ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Fenysje

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy