Content-Length: 104716 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Sjippe

Sjippe - Wikipedy Springe nei ynhâld

Sjippe

Ut Wikipedy
In stik sjippe.

Sjippe is in middel om mei skjin te meitsen. Sjippe ûntstiet troch de sjippeferkaasje fan in fet mei leach. Sjippe kin ek makke wurde fan in fetsoer mei leach. It produkt wurdt yn kombinaasje mei wetter brûkt om te himmeljen as foar de persoanlike hygiëne (toiletsjippe, rûkerssjippe). Sjippe kin floeiber as fêst wêze.

Gewoane sjippe wurdt makke fan kofet, oliifoalje (spaansksjippe), palmoalje, palmpitoalje of kokosoalje. Foar de djoerdere sjippesoarten wurdt wol brûk makke fan oare eksoatyske oaljes en fetten.

Sjippe hat al in lange skiednis. It earste bewiis fan sjippe is al hast fiiftûzen jier âld en komt fan Babylon. In silinder fan klaai út 2800 foar Kristus sieten rêsten fan sjippe en ek is der in Babyloansk klaaitablet fûn fan 2200 foar Kristus dêr't in sjippeformule op skreaun is. Ek de Alde Egyptenaren en de Romeinen hienen sjippe.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Sjippe

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy