Content-Length: 131016 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/James_Joyce

James Joyce - Wikipedy Springe nei ynhâld

James Joyce

Ut Wikipedy
James Joyce

De Ierske skriuwer James Joyce (folút James Augustine Aloysius Joyce) (Dublin, 2 febrewaris 1882Surch, 13 jannewaris 1941) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste skriuwers fan de modernistyske Avant Garde fan de iere 20e iuw. Hy waard berne yn in rike katolike famylje yn Dublin dy't troch omstannichheden yn 'e earmoed rekke. Hy studearre literatuer oan it University College Dublin, dêr't er it katolisisme ôfswarde. In soad fan syn wurk is fertolke troch T. P. McKenna.

Joyce is it meast bekend fan syn roman Ulysses (1922), in mylpeal yn de skiednis fan de literatuer, dêr't er syn stream of consciousness-technyk yn perfeksjonearre hat. It boek is in nijmoadrige fannijs fertelde Odyssee (fan Homêros) dêr't Joyce benei alle skriuwtechniken dy't foar hannen wiene yn kombinearre hat. Oar wichtich wurk is koarte-ferhale bondel Dubliners (1914) en de romans A Portrait of the Artist as a Young Man (1916) en Finnegans Wake (1939); fierders trije bondels poëzy, in toanielstik, inkele sjoernalistike artikelen en syn publisearre brieven.

Dubliners, 1914

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/James_Joyce

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy