Brûns is in legearing fan koper mei likernôch 10 oant 30% tin. It wurd 'brûns' komt fan it Frânske bronze, dat fia it Italjaanske bronzo úteinlik weromgiet op it Perzyske برنج‎ ‎(birindj of birandj, dat "messing" betsjut.

Brûnzen medaille

Tradisjoneel is brûns it tredde 'earemetaal': immen dy't by in wedstriid it tredde plak behellet krijt in brûnzen medalje. Brûns is ek in ljochtbrune kleur.

It tiidrek wêryn in soad metalen foarwerpen fan brûns makke waarden, hiet de brûnstiid. Brûns is it earste metaal (op inkele eardere foarwerpen fan koper út it neolitikum nei) dat yn de lege lannen troch de minsk brûkt waard, en dat it gebrûk fan stien stadichoan ferfong. Brûns is taai materiaal en opwoeksen tsjin korroazje, dat him lient foar bewurking. Brûnzen foarwerpen wurde faak jitten. Tsjerkeklokken binne altyd fan brûns, krekt as in protte stânbylden.

Brûns wurdt ek wol betize mei messing of gielbrûns, foaral wannear't it materiaal ferware is. Nije brûnzen objekten binne makliker te ûnderskieden oan de kleur. Messing is wat gieler fan kleur en brûns is mear read/roazich fan kleur.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy