Henk van der Velde
Hendrik Cornelis (Henk) van der Velde (De Jouwer, 26 septimber 1950 - dêre, 18 maart 1983) wie in Fryske bokser, fierljepper en fuotballer. As njoggentjinjierrige fêstige de automonteur fan De Jouwer yn Drachten in nij Frysk rekord fierljeppen.
Henk van der Velde | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrik Cornelis van der Velde | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 26 septimber 1950 | |
berteplak | De Jouwer | |
stjerdatum | 18 maart 1983 | |
stjerplak | De Jouwer | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | boksen, fuotbal, fierljeppen | |
ûnderdiel | oant 63,5 kg, bûtenspiler, | |
debút | Fierljeppen: 1966 | |
karriêre-ein | Fierljeppen: 1976 |
Boksen en fuotbaljen
bewurkje seksjeAl jong begûn er as fuotballer by de sneonsôfdieling fan De Kooi. Hy spile letter as bûtenspiler yn it earte team fan SC Joure.
Syn broer Eldert waard ek in kear noardlik kampioen yn it healswiergewicht C-klasse. Op syn fyftjinde waard Henk lid fan de boksferiening SC Friesland. Dêr krige hy bokstraining fan Henk Duursma. Yn 1966 en in 1967 waard hy as weltergewicht noardlik juniorkampioen yn de CD-klasse.
Fierljeppen
bewurkje seksjeYn 1965 begûn hy as ljepper yn in wedstryd yn Eagmaryp en sprong dêr 9,87 meter. Op in steger yn de Jouwer oefene hy mei syn buorjonges Jetze en George Valkema. As fierljepper waard hy twa kear juniorkampioen fan Fryslân. Syn junioarerekord wie 14,04 meter. Hy hie it ljeppen leard fan syn buorjonge George Valkema en fan Johan Boersma. Henk van der Velde seach it fierljeppen yn it earstoan as aardichheidsje neist it fuotbaljen en it boksen. As bokser hied er twa noardlike kampioenskippen op syn namme stean. Neidat hy yn 1970 yn Winsum al de groepsronde wûn hie mei in sprong fan 14 meter sprong hy yn de wedstryd Fryslân-Hollân yn Frysk rekord fan 15,26 meter,[1] Yn 1971 wie hy by wedstriden de bêste yn Drylts en Sibaldebuorren. Yn 1972 waard Van der Velde fjirde yn it klassemint om de LC-penje.
Henk van der Velde ferstoar 32 jier âld nei in slimme sykte yn 1983.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|