Hoekens is in buorskip yn it suden fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Hy leit benoarden de Slachtedyk tusken Reahûs en De Kliuw, oan de Sânleansterdyk en Doniadyk. In opfeart rint nei de Hinnaarder Feart.

Hoekens leit binnen de diken fan it Eilân fan Easterein en wie dêrfan part fan it Wynser fjirdel. Hy bestie út twa staten, súdeastlik Grut Hoekens en noardwestlik Lyts Hoekens. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie er part fan Hinnaarderadiel. Yn 1984 kaam it yn de nije gemeente Littenseradiel te lizzen. Op 1 jannewaris 2018 waard dy gemeente opheft en kaam Hoekens yn de gemeente Súdwest-Fryslân te lizzen. De namme komt ek foar as Huckens, Hoeckenster State en Huchingen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy