Valeska Judith Satsuki, skûlnamme foar Judith Boer (Djakarta, 17 novimber 1935Húns, 8 april 2013),[1] wie in byldzjend keunstneresse.

Judith Boer
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Judith Boer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 novimber 1935
berteplak Djakarta
stoarn 8 april 2013
stjerplak Húns
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as byldzjend keunstneresse

Har techniken wiene oaljeferve, akwarel en tekening. Underwerpen en rjochting wiene bisten en minsken (portretten) yn dreamerige trant. Nei in byldhou-oplieding ûntwikkele se benammen har skilderkant.

Wurke sûnt 1967 yn de mande mei Nico Verhoeven († 1974), mei wa't se "printpoëzij" ûntwikkele: hja tekent, hy skriuwt in poetyske tekst yn de tekening, hja folt mei linen oan, hy makket it wurk kompleet mei oproppen tekst.

De provinsje Fryslân kocht in oantal wurken fan har oan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel oer Nico Verhoeven yn De Moanne, wêryn't berte- en stjertegegevens fan Boer neamd wurde
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy