Skriuwer

(Trochferwiisd fan Skriuwster)

In skriuwer is ien dy't him uteret troch it opskriuwen fan wurden. Sawat elkenien kin wol skriuwe, mar in goede skriuwer ûnderskiedt him fan de rest as er in styl hantearret dy't boeit en byldzjend is. Der binne ferskate soarten fan skriuwers, bygelyks sjoernalisten dy't foar in krante skriuwe en guont dy't in boek skriuwe, sawol fiksje as non-fiksje, en skriuwers fan muzyk.

Skriuwer Anton Tsjechov

De term wurdt fral by profesjonele skriuwers faak as synonym foar auteur brûkt, mar auteur kin ek slaan op de makker fan net-skreaun wurk sa as films.

De populêrens fan it ynternet hat it foar in protte aspirant-skriuwers mooglik makke om harren wurk oan in grut publyk oan te bieden. In foarbyld hjir is fanfiksje.

Yn it Frysk is 'skriuwer' ek synonym foar klerk en sekretaris.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy