Springe nei ynhâld

Regint

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Keninginne-regintesse Emma.

In regint of regintesse (fan it Latynske regens, "regearjend") is in bestjoerder dy't al of net út namme fan in oare persoan of persoanen syn of har funksje útoefenet. Dizze oantsjutting ferwiist nei ferskate sitewaasjes.

monargy

Yn it ramt fan in monargy wie in regint yn it ferline immen dy't de monargale funksjes en weardichheid waarnaam foar it wurklike steatshaad, om't dat minderjierrich, sljochtsinnich of om in oare reden regearingsbehindere wie. Faak wie de regint of regintesse dêrby in famyljelid fan it steatshaad (by minderjierrigens gauris de mem), lykas yn it gefal fan keninginne Emma, dy't fan 1890 oant 1898 regintesse oer Nederlân wie nei it ferstjerren fan kening Willem III, ûnder de minderjierrigens fan har dochter Wilhelmina. In oar foarbyld fan reginten komt út 'e skiednis fan Skotlân, dêr't ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen (1296-1357) ferskate kearen ien of mear beskermhearen de skepter swaaiden, yn 't earstoan om't de troan fakant wie, doe om't kening David II fan Skotlân minderjierrich wie, en letter om't er yn Ingelske kriichsfinzenskip rekke wie.

algemien bestjoer

Dêrnjonken wie de term 'regint' lange tiid gongber foar bestjoerders en leden fan bestjoersrieden fan almeast religieuze of oar private ynstellings fan iepenbier nut, lykas sikehuzen, earmhuzen en oare tsjerklike, edukative en garitative ynstellings en genoatskippen.

genearyske term

Fierders waard 'regint' ek brûkt as genearyske (algemiene) oantsjutting foar elts dy't regearret, sij it foarstlik of republikeinsk. Sa wie it foarhinne yn it bestjoer fan Nederlânsk-Ynje en Britsk-Ynje gewoan om 'e lânseigen adel oan te tsjutten as reginten.

Trivia

De term 'regint' is ek de beneaming foar de grutste diamant yn 'e kroan fan in soeverein.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy