Content-Length: 66400 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Ansco_Dokkum

Ansco Dokkum - Wikipedy Springe nei ynhâld

Ansco Dokkum

Ut Wikipedy
Ansco Dokkum
sporter
Ansco Dokkum (1965)
Ansco Dokkum (1965)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ansco Jan Heeble Dokkum
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 9 maaie 1904
berteplak Snits
stjerdatum 30 desimber 1985
stjerplak Amsterdam
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport silen
roeien
ûnderdiel 6 m R-Klasse
Manlju fjouwer sûnder
O.S. Amsterdam 1928,
Berlyn 1936

Ansco Jan Heeble (Ansco) Dokkum (Snits, 9 maaie 1904 - Amsterdam, 30 desimber 1985) wie in Frysk roeier en hurdsiler. Dokkum hat twa kear meidien oan de Olympyske Simmerspullen, op de Spullen fan 1928 yn Amsterdam as roeier en op Spullen fan 1936 as hurdsiler. Hy hat nea in medalje wûn tidens de Spullen.

Op de Spullen fan 1928 yn Amsterdam naam Dokkum op 24-jierrige leeftyd diel út fan de fjouwer sûnder stjoerman. De Olympyske roeiwedstriid hie plak op it kanaal fan Sloten oer een rjocht stik fan 3000 meter. De fjouwer sûnder stjoerman ferlear yn de searjes fan Itaalje en wie útskeakele trochdat it ek yn de werkânsing ferlear fan Dútslân.

Acht jier letter die Dokkum mei as siler oan de Olympyske Spullen fan 1936 yn Berlyn. Mei it skip "DeRuyter" behelle de Nederlânske ploech 42 punten yn de seis meter radiaal klasse. Dêrmei einigen se op in achtste plak.

Chef de Mission

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dokkum wie yn syn aktive tiid oansletten by studinteroeiferiening ASR Nereus yn Amsterdam. Fan berop wie er arts. Yn 1968 wie er op de Olympyske Simmerspullen fan 1968 yn Meksiko Chef de Mission fan de Nederlânske ploech. Ansco Dokkum ferstoar op 30 desimber 1985 yn 'e âldens fan 81 jier









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Ansco_Dokkum

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy