Content-Length: 139201 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Fiktoaria_fan_it_Feriene_Keninkryk

Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk - Wikipedy Springe nei ynhâld

Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk

Ut Wikipedy
Keninginne Fiktoaria
Fiktoaria en har man, prins-gemaal Albert en harren jonge húshâlding. Fan links nei rjochts: Prins Alfred, kroanprins Albert Edwert, keninginne Fiktoaria, Albert, prinsesse Alice, prinsesse Helena en prinsesse Fiktoaria. Skildere troch Franz Xaver Winterhalter.

Fiktoaria fan Hannover (folút yn it Ingelsk: Alexandrina Victoria of Hannover (Kensington Palace, Londen, 24 maaie 1819 – Osborne House, Isle of Wight, 22 jannewaris 1901) wie keninginne fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân fan 1837 - 1901 en keizerinne fan Ynje fan 1877 - 1901.

Keninginne Fiktoaria is, mei 63 jier en sân moannen, de langst regearjende Britske monarch út de skiednis. De perioade stiet én yn it Feriene Keninkryk én yn de wrâld better bekend as it Fiktoriaanske Tiidrek, the Victorian era. Hoewol't Fiktoaria op de troan kaam op in momint dat it Feriene Keninkryk al in konstitúsjonele monargy wie, dêr't de kening of keninginne net folle politike foegen hiene en harren ynfloed útoefenen middels de minister-presidint, groeide Fiktoaria út ta in tige wichtich symboalysk figuer fan har tiid. Yn it Fiktoriaanske Tiidrek kaam de Yndustriële Revolúsje op in hichtepunt. It wie ek in perioade fan grutte sosjale, ekonomyske en technologyske foarútgong binnen it Feriene Keninkryk. Yn Fiktoaria har regearperiode kaam der in grutte útwreiding fan it Britske Ryk; yn dizze perioade berikte it syn hichtepunt, ûnder har regearing wie it Britske Ryk it grutste ryk út de skiednis. Se regearde oer gebieten yn alle wrâlddielen.

Fiktoaria, hast folslein Dútsk, wie de ienige dochter fan Prins Eduard August, hartoch fan Kent en dy syn frou Prinsesse Fiktoaria fan Saksen-Coburg-Saalfeld. Fia har heit wie se in pakesizzer fan kening George III en keninginne Sophia Charlotte, en wie se in nichtsje fan har foargongers, kening George IV en kening Willem IV. Se krige mei har man, Albert, njoggen bern en arranzjearre harren houliken. Ut dy houliken waarden twaenfjirtich beppesizzers berne. Allinnich dochter Louise bleau sûnder bern. Har bern en bernsbern boasken oan hast alle Europeeske foarstenhuzen, se krige dêrtroch de byname the grandmother of Europe (de bepe fan Europa). Hja wie de lêste foarst fan Grut-Brittanje út it Hûs Hannover. Har soan en opfolger, kening Eduard VII, wie in foarst út it Hûs Saksen-Coburg en Gotha.

Mear en mear sloech keninginne Fiktoaria om mei in feint út Skotlân, John Brown. Geroften oer in romantyske ferbyntenis en sels in geheim houlik joegen yn it ferline in soad opskuor. Hoewol't oan beide mooglikheden tige twivele wurdt, waarden op har fersyk by har stoflik omskot yn de kiste dochs dingen ta oantins fan beide meijûn. Oan har rjochterkant waard ien fan Albert syn kleanstikken lein, wylst oan har linkerhân in stik fan it hier fan Brown én in foto fan him lein.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Victoria of the United Kingdom fan Wikimedia Commons.








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Fiktoaria_fan_it_Feriene_Keninkryk

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy