Content-Length: 64921 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Mees_Toxopeus

Mees Toxopeus - Wikipedy Springe nei ynhâld

Mees Toxopeus

Ut Wikipedy
De Wikipedy hat ek in side Toxopeus (famylje).
Mees Toxopeus (1972)
Mees Toxopeus, eareboarger fan Nije Pekela

Mees Toxopeus, (Nije Pekela, 22 oktober 1886 - Skiermûntseach, 28 febrewaris 1974) wie in skipperssoan en seeman.

Mees wie de twadde soan fan Jannes Toxopeus (1859-1934) en Everdina Kielema (1863-1942). Hy waard ferneamd nei pake fan memmekant de turfskipper Mees Kielema (1836-1922).

Yn 1917 waard er skipper op rêdingsboat C.A. den Tex (- 1922) en letter op de Hilda (1922-1926) dy't doe beide op Rottumereach stasjonere wienen (letter giene se respektyflik nei Harns/Hylpen en De Lemmer). Untwurp it begjinsel fan de selsrjochtsjende rêdingsboat Insulinde [1], dy't yn 1927 op de De Skâns stasjonearre waard. Toxopeus wie skipper op de Insulinde fan 1927 oant 1950. Dat jier joech hy it roer oer oan syn jongere broer Klaas dy't al stjoerman op de Insulinde wie. Mees syn soan Jannes Toxopeus (1908-1995), waard ek skipper by de rêdingmaatschappij. Op syn namme steane 200 reizen en 251 rêde drinklingen yn it eastlik Waadseegebiet.

Toxopeus ûntfong de earemedalje yn sulver fan de Oarder fan Oranje-Nassau en tal fan oare, ek ynternasjonale, ûnderskiedings. Guon dêrfan krige er foar syn fersetswurk yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy waard yn 1951 eareboarger fan Nije Pekela. Syn lêste libbensjierren wenne hy op Skiermûntseach.

Yn 1963 waard in seeferkennersgroep yn Beverwyk nei Mees Toxopeus ferneamd en yn 1967 ferneamde Jan Berend Bazuin, eigener fan Hotel Bazuin op Skiermûntseach, syn kafee nei syn buorman Mees Toxopeus. De Tox Bar bestiet noch altyd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jan Hardenberg - Woest maar kalm (Mees Toxopeus vertelt) (1962)
  • De reddingboot nr. 116 (desimber 1974)
  • Booy, H. Th. - Nederlandse kustreddingboten
  1. Mees Toxopeus skreau yn desimber 1921 oan de NZHRM: "de laatste tijd veel nagedacht te hebben over een nieuw soort reddingboot. Het zou een zelfrichtende boot moeten zijn, van ketelvormig model en in een gevaarlijke zee ook benedendeks te besturen, een soort onderzeeboot boven water."








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Mees_Toxopeus

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy