Content-Length: 119615 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Temperatuer

Temperatuer - Wikipedy Springe nei ynhâld

Temperatuer

Ut Wikipedy
In termometer jout in bûten-temperatuer fan –17° C oan.

Temperatuer is in mjitte wêryn't útdrukt wurdt hoe kâld of waarm oft it is. Natuerkundich sjoen wurdt der lykwols mei metten wat de trochsneed gaoatyske bewegingsenerzjy per molekúl is, plus de beweging fan atomen yn molekulen. Yn it normale spraakgebrûk ferwiist it yn 'e regel nei de bûtenluchttemperatuer of nei koarts (d.w.s. de te hege temperatuer fan it minsklik lichem).

Der besteane ferskate spesifike systemen om 'e mjitting fan temperatuer yn út te drukken. Yn fierwei de grutste part fan 'e wrâld wurdt dat foar deistich gebrûk dien yn graden Celsius, almeast werjûn mei it graadteken (°) folge troch in haadletter C (sûnder punt). By dit systeem leit it friespunt fan wetter (d.w.s. by in gewoane luchtdruk fan ±1.000 millibar) op 0° C, wylst it siedpunt fan wetter op 100° C leit. (Tink derom dat by in legere luchtdruk wetter by in legere temperatuer befrieze, resp. siede sil, en as de luchtdruk heger is, by in hegere temperatuer.) De Feriene Steaten en Belize binne de iennichste lannen dêr't it folle ûnsekuerdere systeem fan Fahrenheit de noarm is. Men kin in temperatuer dy't werjûn is yn Fahrenheit omrekkenje yn Celsius troch der 30 fan ôf te lûken en him dan troch 2 te dielen. Oarsom, dus fan Celsius nei Fahrenheit, fermannichfâldiget men de temperatuer mei 2, wêrnei't men der tritich by optelt. Dus:

30° C x 2 + 30 = 90° F

(90° F – 30) : 2 = 30° C

Dizze omrekkenmetoade is net folslein sekuer, mar it is wol de simpelste en fluchste dy't der is. In oar systeem om temperatuer yn út te drukken, is dat fan Kelvin, dat werjûn wurdt sûnder graadteken, mei inkeld de haadletter K as ôfkoarting. Hjiroan wurdt yn 'e wittenskip de foarkar jûn, om't by dit stelsel de telling begjint by it absolute nulpunt, en men dus net mei positive en negative temperatueren sit, lykas by Celsius, dêr't alles ûnder it friespunt werjûn wurdt mei in min-teken derfoar. It absolute nulpunt (dan is der totaal gjin beweging yn 'e molekulen mear, en kâlder kin it dus net wurde) leit op –273,15° C of 0 K. Fierders besteane der noch de minder brûkte temperatuerstelsels Delisle, Newton, Rankine, Réaumur en Rømer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.









ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Temperatuer

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy