Springe nei ynhâld

Albatrossen

Ut Wikipedy
Albatros

De albatrossen (Diomedeidae) binne in famylje seefûgels yn it skift fan de mokeftigen (Procellariformes). Se komme foar yn de súdlike oseanen en yn de noardlike Stille Oseaan.

Se hawwe lange smelle wjukken wêrmei't se hast har hiele libben oer de see sweve. Op it lân kinne se harren net best rêde en dêr komme se ek allinnich om te brieden.

De measte soarten wurde slim bedrige. It tal albatrossen is earst bot weromrûn trochdat de fearren fan de albatrossen brûkt waarden. Tsjintwurdich wurde de albatrossen bedrige troch rôten en katten dy't de aaien, jongen en briedende fûgels oanfalle. Mar ek troch de fersmoarging en foaral it fiskjen mei lange linen. By it fiskjen mei lange linen wurde de albatrossen lokke troch it aas en at se oan de heak sitte dan fersûpe se.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy