Springe nei ynhâld

Anton Hildebrand

Ut Wikipedy

A.D. (Anton) Hildebrand (Grins, 11 juny 1907 - Kollum, 29 juny 1977) wie in skriuwer fan Nederlânske berneboeken.

Hildebrand groeide op yn Amsterdam. Hy studearre Letteren oan de Universiteit fan Amsterdam en wurke as sjoernalist. Yn 1928 giet er wurkjen foar de AVRO en rekke belutsen by it meitsjen fan harkspullen.

Hy skreau yn totaal sa'n 250 berneboeken, it leafste bisteferhalen. Syn bekendste boekerige wie Bolke de Bear, dêr't it earste diel yn 1935 fan ferskynde. Dat waard folge troch 9 ferfolchdielen, ûnder oare oer de soan fan Bolke en syn freon Dorus Das. In oare rige gie de reuzen Belfloor en Bonnevu.

Hildebrand makke yn de fyftiger jierren mei oaren skoalboekjes foar de Iepenbiere Skoalle. Syn harkspullen wienen yn dy tiid te hearen op de VARA-radio. Bekende harkspullen wienen: Monus, de man van de maan, en Brilstra's bromvlieg.

Tonio Hildebrand, syn soan, wie in bekende autocoureur.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy