Bakker & Timmenga
Bakker & Timmenga is in oargelmakkerij út Ljouwert.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oargelmakkerij waard yn 1880 mei úteinset troch twa oargelbouwers: Fokke Bakker (1842-1904) en Arjen Timmenga (1854-1920). Beide krigen har' oplieding by Willem Hardorff. It wie neist Adema, Van Dam en Hardorff de fjirde oargelmakkerij yn Ljouwert. It kompanjonskip waard yn 1902 ûntbûn; Timmenga sette it bedriuw allinnich fuort. Yn 1919 giet er in kompanjonskip oan mei syn soan Bernard Timmenga (1889-1972), dy't it bedriuw oant 1960 liede soe. Dan wurdt de oargelmakkerij oernomd troch Wopke Yedema en Harm Pieter Dam. Sûnt 1991 is Bert Yedema eigener.
Yn 2005 (by it 125-jierrich jubileum) waard it bedriuw bekroand mei it Predikaat Hofleveransier.
Yn 2023 waard it bedriuw troch Bert Yedema ferkocht oan Oargelmakkerij Reil yn it Gelderske Heerde. Op termyn is Oargelmakker Reil fan doel om de wurkpleats oan de Kleine Kerkstraat yn Ljouwert te sluten. [1]
- Oargels (karút)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|