Springe nei ynhâld

Creative Commons

Ut Wikipedy
It logo fan Creative Commons

Creative Commons (CC) is in fan oarsprong Amerikaansk projekt, dat it ta stân kommen fan iepen ynhâld begeunstigje wol. It wol it mooglik meitsje dat kreatyf wurk frijer beskikber steld wurdt as yn it tradisjonele auteursrjocht kin, sadat sokke wurken bygelyks ienfâldiger kopieard en ferspraat wurde kinne en oaren der fierder oan wurkje kinne. Creative Commons biedt ferskate frije lisinsjes oan, dy't copyrighthâlders brûke kinne om by it ferspreiden fan ynformaasje problemen foar te kommen dy't yn it hjoeddeiske auteursrjocht oan it ljocht komme kinne.

It projekt is yn 2001 oprjochte troch ûnder oaren Lawrence Lessig, in Amerikaan dy't in makliker auteursrjocht foarstiet. Creative Commons omfettet in oantal ynternasjonale projekten om de frije lisinsjes oer te setten fan it Ingelsk yn oare talen en fan it Amerikaanske rjocht nei oare rjochtsystemen.

Der binne alve frije lisinsjes fan Creative Commons, dy't bestean út kombinaasjes fan de folgjende eleminten:

  • BY (Attribution): it kopieare, ferspreide, fertoane en útfiere fan it wurk en ôfliede wurken is tastien, op foarwaarde dat de namme fan de orizjinele auteur fermeld wurdt;
  • NC (Non-commercial): it kopieare, ferspreide, fertoane en útfiere fan it wurk en ôfliede wurken mei net foar kommersjele doelen;
  • ND (No derivative works): it kopieare, ferspreide, fertoane en útfiere fan it wurk en ôfliede wurken is tastien, mar it wurk feroarje mei net;
  • SA (Share Alike): it ferspreide fan it wurk is allinnich tastien ûnder in fergelykbare frije lisensje (sjoch ek copyleft).

De ferskate CC-lisinsjes wurde neamd nei de eleminten wêr't se út bestean. Sa is der bygelyks CC-BY, wêrfan BY wol, mar NC en SA net part binne, of CC-BY-NC-ND, dy't bestiet út BY, NC en ND, mar net út SA.

De CC-lisinsjes wurde ûnder mear brûkt op de projekten fan de Wikimedia Foundation, lyk as Wikipedy, Wikinijs, Wikiboarne en Wikiboeken. Fierder kin op Wikimedia Commons multimediamateriaal, sa as bygelyks foto's en yllustraasjes, ûnder ien fan de frije foarmen fan dizze lisinsjes delsetten wurde, dy't dan brûkt wurde kinne op alle projekten fan de Wikimedia Foundation.

Oanpassings foar Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Instituut voor Informatierecht fan de Universiteit fan Amsterdam (IViR) hat yn gearwurking mei de Waag Society en de stifting Nederland Kennisland Nederlânske ferzjes fan de CC-lisinsje ûntwikkeld, troch dizze oer te setten nei it Nederlânsk en oan te passen oan it Nederlânske rjocht. De Nederlânske ferzje is te finen op de webside fan Creative Commons. In Fryske ferzje is op dit stuit net beskikber.

Eksterne keppelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy