Springe nei ynhâld

Dútsktalige Mienskip

Ut Wikipedy
Dútsktalige Mienskip (giel) yn Belgje

De Dútsktalige Mienskip (Dútsk: Deutschsprachige Gemeinschaft (Belgiens), ok Ostbelgien neamd) foarmet wat ynwenners oanbelanget de lytste dielsteat fan Belgje. De dielsteat mei in oerflak fan 854 km² [1] leit yn it easten fan Belgje, yn de Waalske provinsje Luik. Hy bestiet út twa parten en grinzet oan Dútslân, Nederlân en Lúksemboarch. Dy twa parten wurde skaat troch it natuerpark "Hohes Venn" (Hege Feanen) dat foar in grut part yn in Frânsktalige gemeenten leit. Yn njoggen gemeenten wenje sa’n 79.000 ynwenners (2023).[1]

De Dútsktalige Mienskip hat binnen it federale Belgje in grutte autonomy, mei foar in part soevereine wetjouwing. De fiertaal op de skoallen, yn de rjochtbanken en fan it regear yn 'e stêd Eupen is Dútsk. In eigen parlemint en regear hawwe foech op de mêden: kultuer, ûnderwiis, foarming, wurkgelegenheid, gesin en sosjale saken. Boppedat hawwe se tafersjoch op de lokale bestjoeren fan de njoggen gemeenten.

Dútsktalige krante

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De iennige Dútsktalige krante fan Belgje, de Grenz-Echo, is oprjochte yn 1927. It deiblêd hie doe as ûndertitel "Christliches Organ zur Förderung der wirtschaftlichen Interessen der neubelgischen Gebiete" (Kristlik Orgaan ta it befoarderjen fan ekonomyske ynteressen fan de nij-Belgyske gebieten). De krante hie al gau in krityske hâlding foar it Nasjonaal Sosjalisme oer, mei om't er rjochte wie op it Dútsktalich Belch wêzen. Soks hie fan gefolgen, dat it deiblêd op 25 april 1933 yn Dútslân ferbean waard.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Statistikportal, Ostbelgien
Belgje
Gewesten:
Flaamsk Gewest (Flaanderen) • Waalsk Gewest (Walloanje) • Brusselsk Haadstedsk Gewest
Mienskippen:
Flaamske MienskipFrânske MienskipDútsktalige Mienskip
Provinsjes:
Flaamske provinsjes:
AntwerpenLimburchEast-FlaanderenWest-FlaanderenFlaamsk-Brabân
Waalske provinsjes:
HenegouwenLuikLúksemboarchNamenWaalsk-Brabân
· · Berjocht bewurkje
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy