Springe nei ynhâld

Everhard van Hanecroot

Ut Wikipedy

Everhard Willem van Hanecroot (eins: Eberhard Wilhelm Hanecroth; Meurs, 1663 – ?, 1716) wie in Dútsk ofsier dy't op de Trieme wenne (dêr't in strjitte nei him ferneamd is). Van Hanecroot kaam út Meurs en studearre fan 1679 ôf yn Duisburch en fan 1683 ôf oan 'e Universiteit fan Frjentsjer. Yn 1697 tsjinne er as luitenant yn it liifrezjimint Oranje-Fryslân. Datselde jiers troude er op 7 novimber mei in Catharina Margaretha, itsij yn Deinum (dêr't sy skynber wei kaam), itsij yn syn berteplak Meurs. Ut dat houlik kamen twa bern fuort: Willem Mauritz (1701) en Maria Foecke (1704). Van Hanecroot kaam yn 1716 te ferstjerren, doe't er 53 jier wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy