Springe nei ynhâld

Hinke Luiten

Ut Wikipedy
Hinke Luiten
keunstner
Hinke Luiten (2007)
Hinke Luiten (2007)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hinke Maria Luiten
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 april 1955
berteplak Haarlim
stoarn 1 augustus 2024
stjerplak Dimter
wurkpaad
wurksum as kûpeuze
jierren aktyf 1992-2021

Hinke Maria Luiten (Haarlim, 14 april 1955 - Dimter, 1 augustus 2024) wie in Nederlânsk kûpeuze en byldzjend keunstneresse.

Hinke Luiten waard berne yn Haarlim en is opgroeid yn Ynskedee. Yn 1992 helle se har diploma foar de kûpeuze oplieding fan de ENSAID moadefakskoalle. Troch jildkrapte is Luiten eksperimintearje mei ferskate ôffalmaterialen, dêr't se draachbere klean fan makke. Mei dizze kreaasjes kaam se yn de media. Sa waard der op 21 febrewaris 2002 in ôflevering fan Het Klokhuis oan har ûntwerpen wijd. Troch de tanimmende bekendheid krige se hieltyd mear materialen oanbean. Yn Keninginnedei 2003 yn Dimter waarden inkelde fan har ûntwerpen toand oan de keninklike besite. Fan 9350 knopen út de Dimter Knopenfabryk makke Luiten in 10 kilo weagjende jurk, dy't yn 2003 tentoan steld waard yn it Admiraliteitshûs yn Dokkum, wêrnei wie de jurk yn 2005 te sjen yn de ynternasjonale eksposysje "Pracht & Kraal" yn it Tropenmuseum te Amsterdam. Njonken de ferskate ôffalmaterialen, brûkte Luiten ek jild om klean mei te meitsjen, sa ûntwurp se yn 2017 in jas foar de Nederlandsche Bank makke fan 50-euro biljetten, ta gelegenheid fan de yntroduksje fan it nije 50-euro biljet. Nei’t se yn 2007 ek al ris in jurk fan sinten makke hie, dy’t in dikke 19,5 kilo woech. Yn 2021 hâlde se op mei wurkjen, ûnder har karriêre makke Luiten yn totaal 120 draachbere keunstkreaasjes. Hinke Luiten ferstoar op 1 augustus 2024, yn 'e âldens fan 69 jier.

Wurken fan Hinke Luiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy: NL
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy