Kemerovo (oblast)
Oblast Kemerovo
Ке́меровская о́бласть | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Sibearje |
ekonomyske regio | West-Sibearje |
haadplak | Kemerovo |
grutste plak | Kemorovo |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen (91,80%) Tataren (1,46%) Dútsers (0,84%) (sifers 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 2.604.272 (2022) |
oerflak | 95.725 km² |
befolkingstichtens | 27,21 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 26 jannewaris 1943 |
tiidsône | UTC+7 MSK+4 |
koördinaten | 54° 56' N 87° 14' E |
webside | www.ako.ru |
De oblast Kemerovo (Russysk: Ке́меровская о́бласть — Kemerovskaja oblast) is in oblast yn it Aziatyske diel fan de Russyske Federaasje. It gebiet wurdt ek faak as de 'Kûzbass' (Кузба́сс) oantsjut. Kemerovo is de haadstêd en wat ynwennertal oanbelanget it grutste plak (2022) fan de oblast.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oblast grinzget yn it noarden oan de oblast Tomsk, yn it easten oan de kraj Krasnojarsk en Chakasje, yn it suden oan de autonome republyk Altai en yn it westen oan de oblast Novosibirsk en de kraj Altai.
Fan noard nei súd is it gebiet 500 kilometer lang en fan east nei west likernôch 300 kilometer.
It klimaat fan de oblast is kontinintaal. Winters binne kâld en lang, simmers waarm mar koart. Trochstrings skommelje de temperatueren yn jannewaris fan −17 to −20 °C en yn july fan 17 oant 18 °C. De froastfrije tiid duorret yn it noarden 100 dagen en yn it suden 120 dagen. De trochsneed delslach is sa'n 300 mm op de flakten oant 1000 mm yn 'e bergen.
De rivieren fan de oblast foarmje ûnderdiel fan it ôfwetteringsgebiet fan de Ob. Wichtige rivieren binne de Tom, de Inja, de Kieja, de Urjûp en de Tsjûmysj, dy't meiïnoar in lingte hawwe fan likernôch 3.000 kilometer. Dêrnjonken binne der noch lytsere rivierkes en streamkes. De grutste mar is de Bertsjikûlmar yn it noardeasten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste stêd fan de oblast is Novokûznetsk. De stêd waar yn 1618 as fort stifte, rillegau nei't de kozakkelieder Jermak Sibearje oermastere.
Yn de 19e iuw wie de tsjintwurdige oblast in ûnderdiel fan it gûvernemint Tomsk.
Sovjet-tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 waard yn de Russyske Boargerkriich fûl striden yn de Kûzbass. Yn it begjin fan 1921 kamen de boeren yn opstân tsjin it regear, dêr't it Reade Leger regaat mei makke. Yn 1930 waard de Kûzbass ûnderdiel fan de kraj West-Sibearje, dêrnei fan de oblast Novosibirsk.
Yn de Sovjet-tiid fûn der in oergong nei de planekonomy plak mei de ûntwikkeling fan de koal, metaallursyke en gemyske yndustry en it iepenjen fan in grut tal nije minen. De grutte yndustriële bedriuwen waard by arbeiderskoloanjes boud, dy't al gau útwoeksen ta stêden.
De oblast waard ien fan de grutte produsinten fan koal en metaal yn de Twadde Wrâldkriich. De Novokûznetsk-stielfabryk produsearre mear as 50.000 tanks en 45.000 fleantugen. 71 bedriuwen ferhûzen út besette dielen fan it lân, wêrfan't de measten yn de Kûzbass bleaune.
Op 26 jannewaris 1943 waard by it dekreet fan it presidium fan de Heechste Sovjet fan de USSR besletten om de Kûzbass fan de oblast Novosibirsk ôf te skuorren en de oblast Kemerovo te stiftsjen, mei de stêd Kemerovo as bestjoerlik sintrum. De nije oblast bestie út 17,5% fan de oblast Novosibirsk, 9 fan de 12 stêden, 17 fan de 20 arbeiderskoloanjes en 23 fan de 75 rajon's. De befolking fan de oblast Kemerovo bestie út 42% fan de totale befolking fan de oblast Novosibirsk.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking bestiet foar fierwei it grutste diel út Russen. De Oekraynske, Tataarske, Dútske, Wyt-Russyske en Tsjûvaaske mienskippen binne sûnt de ûntbining fan de Sovjet-Uny lytser woarn. De oarspronklike befolking fan it gebiet binne de Sjoren en de Teleûten, lytse folken dy't fral yn it suden fan de oblast wenje.
De oblast is ien fan de lytsere dielgebieten fan Sibearje en tagelyk ek ien fan de tichtstbefolke gebieten fan de federaasje.
Bestjoer en stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oblast is ûnderferdield yn 18 rajon's en 16 stedsdistrikten. Njonken Kemerovo binne de belangrykste stêden: Novokûznesk, Prokopsjevsk, Leninsk-Kûznetski, Kiseljovsk en Mezjdûretsjensk.
- 15 stêden foarmje in stedsdistrikt (Городской округ; gorodskoj okrûg).
- 3 stêden (Gûrjevsk, Mariinsk en Topki) foarmje in stedsdiel fan in gemeentlik okrûg (Муниципальный округ; mûnitsipalny okrûg).
- Tasjtagol foarmet in ûnderdiel fan in gemeentlik rajon (Муниципальный район; mûnitsipalny rajon).
De stêd Salais falt bestjoerlik ûnder de stêd Gûrjevsk.
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Oblast Kemerovo
|