Springe nei ynhâld

Keninkryk Hawaï

Ut Wikipedy
Keninkryk Hawaï
Aupuni Mō‘ī o Hawai‘i
1795 – 1893
flagge wapen

(1816-1843)

(1843-1896)
Hawaïaansk: Ua Mau ke Ea o ka ‘Āina i ka Pono
("It Libben fan it Lân Wurdt Ferivige yn Gerjochtichheid")
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Waikīkī (1795-1796)
Hilo (1796-1803)
Honolulu (1803-1812)
Kailua-Kona (1812-1820)
Lāhainā (1820-1845)
Honolulu (1845-1893)
offisjele taal Hawaïaansk
steatsfoarm keninkryk
ûntstien út Keninkryk Hawaï (eilân)
Keninkryk Maui en Oähû
Keninkryk Kauaï
opgien yn Prov. Reg. f. Hawaï
no diel fan Feriene Steaten
sifers
ynwennertal 250.000 (1800)
90.000 (1890)
befolkingstichtens 8,8 / km² (1800)
3,2 / km² (1890)
oerflak 28.315 km²
bykommende ynformaasje
folksliet n.f.t.
muntienheid Hawaïaanske dollar
tillefoan n.f.t.
ISO 3166-koade n.f.t.
ynternetekstinsje n.f.t.

It Keninkryk Hawaï (Hawaïaansk: Aupuni Mō‘ī o Hawai‘i) wie in ûnôfhinklik keninkryk yn Oseaanje, dat bestie fan 1795 oant 1893. It ûntstie doe't de Hawaï-eilannen feriene waarden ûnder it regear fan kening Kamehameha de Grutte. Neitiid genoat it ynternasjonale erkenning en ûntjoech it him yn 1840 ta in konstitúsjonele monargy. Geandewei de njoggentjinde iuw krige in rike elite fan blanke plantaazje-eigners, dy't almeast fan Amerikaansk komôf wiene, almar mear macht yn Hawaï. Yn 1893 fierden dyselden in steatsgreep tsjin de Hawaïaanske monargy út, wêrby't de lêste regearjende monarch, keninginne Lili‘uokalani, ôfset waard. Fiif jier letter folge de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï. Hjoed de dei is Hawaï in Amerikaanske steat.

By syn ûntstean, yn 1795, besloech it Keninkryk Hawaï seis fan 'e acht grutte Hawaï-eilannen: Hawaï, Maui, Kahoölawe, Molokaï, Lanaï en Oähû. Yn 1810 waarden Kauaï en Niïhau tafoege. Yn 1822 sylden keninginne Ka‘ahumanu en har doetiidske gemaal Kaumuali‘i mei kaptein William Sumner nei it ûnbewenne noardwestlike eilân Nihoa, dat harren generaasje inkeld út âlde lieten en myten koe. Letter reizge ek kening Kamehameha IV dêrhinne om it eilantsje formeel te anneksearjen. Oare eilannen dy't ûnder it regear fan Kamehameha IV en Kalākaua anneksearre waarden, wiene de Underwynske Hawaï-eilannen (ynkl. it atol Midway) en fierders Jarvis, Johnston en Palmyra. Dy lêste trije eilannen en Midway hearre tsjintwurdich bestjoerlik net mear by Hawaï. Yn totaal besloech it Keninkryk Hawaï sa'n 28.315 km².

It stânbyld fan kening Kamehameha de Grutte, de feriener fan Hawaï, yn Honolulu.

Iuwenlang waard de Hawaïaanske befolking regearre troch pleatslike ali‘i ("haadlju") dêr't ornaris in ali‘i nui ("kening") boppe stie dy't it hiele eilân bestjoerde. Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw klearre de hegemony fan Maui, dat ûnder it regear fan Kahekili II (1765-1794) ferskate oare eilannen ferovere, it paad foar de úteinlike steatkundige ienwurding fan Hawaï. Dy ienwurding fûn yn 1795 plak, doe't Kamehameha de Grutte, de kening fan it eilân Hawaï, yn 'e Slach by Nu‘uanu Kalanikūpule, de lêste kening fan Maui en Oähû, fersloech. Dêrtroch waarden de seis súdeastlikste Hawaï-eilannen ûnder syn bewâld feriene. Dat barren wurdt beskôge as de stifting fan it Keninkryk Hawaï, nettsjinsteande it feit dat de noardwestlike eilannen Kauaï en Niïhau noch fyftjin jier lang selsstannich bleaune ûnder it bestjoer fan kening Kaumuali‘i.

Twaris riste Kamehameha in ûnbidich grutte armada fan kano's út foar in ynfaazje fan Kauaï, en twaris rûn dat besykjen op 'e non, de iene kear troch in swiere stoarm en de oare kears trochdat der in epidemy ûnder syn krigers útbriek. Om't troch Kamehameha syn militêre oermacht de úteinlike ferovering fan 'e beide noardwestlike eilannen ûnûntkomber liek, besleat Kaumuali‘i yn 1810 lykwols om troch ûnderhannelings ta oerienstimming te kommen. Fan gefolgen waard er doe in fazal fan Kamehameha de Grutte.

Yn 1815-1817 besocht Kaumuali‘i lykwols om troch geheime ûnderhannelings mei de Russysk-Amerikaanske Kompanjy syn keninkryk mei útlânske militêre stipe wer fan it ryk fan Kamehameha los te weakjen. Mar doe't oan it ljocht kaam dat de Russen by dizze ûndernimming bûten it witten fan tsaar Aleksander I om hannele hiene, rûn it hiele spul op neat út. Nei de dea fan Kamehameha de Grutte, yn 1819, liek der in nije kâns foar de ûnôfhinklikens fan Kauaï te kommen, oant keninginne Ka‘ahumanu, de widdo fan Kamehameha, kening Kaumuali‘i twong om mei har te trouwen. By de dea fan Kaumuali‘i, yn 1824, hold syn keninkryk sadwaande op te bestean en kamen Kauaï en Niïhau gewoan by de rest fan it Keninkryk Hawaï te hearren.

Geandewei de njoggentjinde iuw fêstigen har op 'e Hawaï-eilannen in protte blanken, benammen Amerikanen. Yn 't earstoan wiene dat fral sindelingen, dy't de lânseigen befolking ta it kristendom besochten te bekearen. Yn 1824 boekten se in grut súkses doe't se keninginne Ka‘ahumanu, safier krigen dat hja har dope liet. Mar fral ûnder it regear fan kening Kamehameha III, de earste kristlike kening fan Hawaï, krigen sindelingen in protte ynfloed en waard ien fan harren, Hiram Bingham I, in prominint keninklik riedshear. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waard de mearderheid fan 'e Hawaïaanske befolking bekeard ta it protestantisme of it roomsk-katolisisme.

De haven fan Honolulu, skildere troch Louis Choris, yn 1816.

Yn 1831 waarden ûnder ynfloed fan keninginne Ka‘ahumanu de Frânske roomske misjonarissen it lân útset en waard it roomsk-katolisisme ferbean. Doe't yn 'e rin fan 'e 1830-er jierren roomske Hawaïanen foar harren leauwe ferfolge waarden, late dat yn 1839 ta it saneamde Frânske Ynsidint, wêrby't in Frânsk oarlochsskip ûnder kaptein Cyrille Pierre Théodore Laplace kening Kamehameha III twong om it Edikt fan Tolerânsje ôf te kundigjen, wêrnei't de roomske misjonarissen weromkomme koene. Oanhâldende efterstelling fan 'e roomsen wie foar Frankryk lykwols oanlieding om yn 1849 by wize fan strafekspedysje troch admiraal Louis Tromelin in ynfal yn Honolulu útfiere te litten, wêrby't foar $100.000 skea oanrjochte waard.

Underwilens wie op 13 febrewaris 1843 de Britske kaptein George Paulet op 'e HMS Carysfort de haven fan Honolulu ynfearn mei de eask dat kening Kamehameha III syn lân ôfstean soe oan 'e Britske Kroan. Under de driging fan Paulet syn kanonnen joech Kamehameha III op 25 febrewaris ta, mar Gerrit P. Judd, in sindeling dy't de Hawaïaanske minister fan Finânsjes wie, bewurkmastere dat der in gesant nei de Feriene Steaten, Frankryk en Grut-Brittanje stjoerd waard om protest oan te tekenjen tsjin Paulet syn aksje. Dêrop waard de Britske skout-by-nacht Richard Darton Thomas stjoerd om Paulet werom te fluitsjen. De Hawaiïaanske soevereiniteit waard sadwaande op 31 july 1843 op 'e nij fan krêft. Neitiid lieten Frankryk en Grut-Brittanje op 28 novimber 1843 in offisjele mienskiplike ferklearring útgean wêryn't hja it Keninkryk Hawaï formeel erkenden as in ûnôfhinklik lân. Yn 1849 erkenden ek de Feriene Steaten it keninkryk as in selsstannige en soevereine steat.

Kening Kalākaua op besite by de Amerikaanske presidint Ulysses S. Grant, yn it Wite Hûs (1874).

Njonken sindelingen waard Hawaï yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw ek besocht troch blanke walfiskfarders en houtsjers, dy't foar it sandelhout kamen. De blanken brochten in protte sykten mei dêr't de lânseigen befolking gjin ymmuniteit tsjin hie, lykas de gryp, mûzels en pokken, en fan gefolgen kromp de Hawaïaanske populaasje yn 'e tachtich jier nei de ûntdekking fan Hawaï troch James Cook, yn 1778, fan likernôch 300.000 oant net mear as 60.000 minsken. In oare besmetlike sykte dy't Hawaï mei de blanken berikte, wie lepra. Fan 1866 oant 1969 bestie op it ôfhandige Kalaupapa-skiereilân op it eilân Molokaï in leprakoloanje dêr't alle lju dy't oan dy sykte litten, hinne ferballe waarden. Ferskate protestantske en roomske sindelingen giene dêr ek hinne om mank de ferskoppelingen fan 'e Hawaïaanske maatskippij te wurkjen, wêrûnder de Flaamske pater Damiaan de Veuster en de Dútsk-Amerikaanske non Marianne Cope, dy't neitiid beide hillich ferkearre binne.

De Amerikaanske militêren, dy't de steatsgreep tsjin de Hawaïaanske monargy mooglik makken, yn Honolulu (1893).

Tsjin 'e 1840-er jierren begûnen har behalven sindelingen ek blanke keaplju op 'e Hawaï-eilannen nei wenjen te setten, en yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waarden der op 'e eilannen grutte sûkerreidplantaazjes oanlein. Dy wiene eigendom fan blanke plantaazje-eigners en waarden bewurke troch lânseigen fjildarbeiders, mei as gefolch dat der in rike blanke elite ûntstie. Nettsjinsteande de formele erkenning fan 'e Hawaïaanske ûnôfhinklikheid troch de Feriene Steaten en ek al ûnderholden de beide lannen diplomatike relaasjes, dochs waard it lânseigen bestjoer fan Hawaï troch de Amerikanen net foar fol oansjoen.

Doe't keninginne Lili‘uokalani yn 1893 plannen oankundige foar in nije grûnwet dy't de macht fan 'e blanke elite beheine soe, wie dat foar dyselden oanlieding om by in steatsgreep sels de macht op Hawaï te gripen. Mei militêre stipe fan 'e Feriene Steaten, yn 'e foarm fan ien kompanjy mariniers en twa kompanjyen matroazen fan 'e USS Boston, dy't oproppen wiene troch de Amerikaanske gesant John L. Stevens, waard begjin 1893 de keninginne ôfset. Neitiid waard yn july 1894 (nei in perioade fan provysjoneel regear) de Republyk Hawaï útroppen waard. Wylst de lânseigen befolking ûnderdrukt waard, stjoerden de nije blanke machthawwers oan op anneksaasje troch de Feriene Steaten. Nettsjinsteande alle eardere betsjûgings fan freonskip troch de Amerikanen oan it adres fan 'e Hawaïanen waard de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï op 6 july 1898 in feit, wêrby't de Hawaïanen op snoade wize har eigen lân ûntnadere waard.

Fan 1795 oant 1840 wie Hawaï in absolute monargy, wêryn't alle macht by de kening lei. Yn 1840 ûntjoech it keninkryk him ta in konstitúsjonele monargy, mei in eigen parlemint, wêrfan't de leden op demokratyske wize keazen waarden by mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings.

List fan keningen fan Hawaï

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kamehameha de Grutte wie de stamheit fan it Hûs fan Kamehameha, dat Hawaï regearre oant de dea fan kening Kamehameha V, yn 1872. Neitiid waarden de eilannen koart regearre troch kening Lunalilo, foar't yn 1874 Kalākua op 'e troan kaam, dy't yn 1891 opfolge waard troch syn suster Lili‘uokalani, de lêste monarch fan Hawaï.

It ‘Iolani Paleis, it iennichste keninklik paleis yn 'e Feriene Steaten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy