Springe nei ynhâld

Komeedzjedrama

Ut Wikipedy

Komeedzjedrama is in sjenre fan literatuer, film en tillefyzje dat skaaimerken fan 'e komeedzje en it drama kombinearret. It wurdt ek wol drameedzje (of yn it Ingelsk dramedy) neamd, in gearlûking fan 'e wurden 'drama' en 'komeedzje' (of yn it Ingelsk fan drama en comedy). It komeedzjedrama kin beskôge wurde as in subsjenre fan sawol komeedzje as drama, of as in foarm fan 'e âldere tragikomeedzje. Dat wie oarspronklik in toanielsjenre dat eleminten fan 'e tradisjonele komeedzje fermong mei skaaimerken fan 'e trageedzje. Hjoed de dei komme komeedzjedrama's benammen foar as films en as tillefyzjeprogramma's. Foarbylden binne de Amerikaanske tillefyzjesearje Moonlighting, út 'e 1980-er jierren, en de film The Intern, út 2015.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy