Springe nei ynhâld

Nabateeërs

Ut Wikipedy
Graftombes yn Petra
Karavaanrûtes fan de Nabateeërs

De Nabateeërs of Nabateeën wiene in folk dat yn de iere Aldheid fan it Midden-Easten libbe. Harren keninkryk besloech dielen fan it hjoeddeiske Jordaanje, Syrje, Saûdy-Araabje en Israel. Hja stiene bekend as in hannelsfolk.

Fia de ferskillende karavaanrûtes waard troch harren hannele. Benammen de hannel yn wijreek nei Jemen wie foar harren wichtich. De haadstêd fan de Nabateeërs wie de stêd Petra. Oare stêden fan de Nabateeërs wienen Oboda (Avdat), Elusa (Halutza), Nessana (Nitzana), Subeita (Shivta) en Kurnub (Mamshit) yn de Negev, Bosra yn Syrje en Hegra in wat no Saûdy-Araabje is.

De Nabateeërs hienen in eigen religy. Dêryn stie sintraal de ferearring fan rotsen. Dêrneist hiene sy ferskillende goaden yn harren panteon. Ien fan de wichtichste goaden wie Dusharra, de soan fan Allāt.

De Nabateeërs hawwe ûndergrûnse wetterkanalen of kwanaten oanlein, dy't fan (ûndergrûnse) boarnen yn de bergen fia tunnels nei drûge lânbougrûnen laten.

Under lieding fan keizer Trajanus hawwe de Romeinen yn 106 it keninkryk fan de Nabateeërs oermastere en oan harren ryk tafoege.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy