Springe nei ynhâld

Nazaret (Israel)

Ut Wikipedy
Nazaret
الناصرة / נָצְרַת
Bestjoer
Lân Israel
Distrikt Noard-Israel
Sifers
Ynwennertal 76.551 (2017)
Oerflak 14,2 km²
Stêdekloft 185.000 (2007)
Hichte 347 m
Oar
Tiidsône (UTC+)
Offisjele webside
Webside Nazaret
Wapen fan Nazaret
Lizzing fan Nazaret yn Israel

Nazaret (Arabysk: الناصرة - Elnasrat, Hebriuwsk: נצרת - Natsrat) is de grutste Arabyske stêd fan Israel. It plak leit yn it noarden fan Israel, yn Galilea. Sa'n tsien kilometer besuden Nazaret leit de flakte fan Jizreël en likernôch tsien km nei it easten leit de berch Tabor.

It Nije Testamint beskriuwt Nazaret as it plak dêr't Jezus grutbrocht waard. Dêrom is it sûnt de 4e iuw in kristlik pylgerreisdoel mei distiid in soad oantinkens oan bibelske barrens.

Oant de 7e iuw wennen dêr joaden. Op it plak fan de troch Konstantyn de Grutte boude Bysantynske tsjerke stiften de krúsfarders in grutte fransiskaanske basilyk. Sûnt de midsiuwen waard de stêd fral troch Arabyske kristenen bewenne.

Ein 2007 wennen dêr 65.500 minsken dêr't twatredde fan islamitysk en in treddepart kristlik wienen. It meastepart fan de befolking fan de foarstêden is islamitysk. De foarstêd Nazreth Illit hat fral in joadske befolking. De agglomeraasje hie yn 2007 185.000 ynwenners, mei 40.000 joaden.

Ekonomy en toerisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd is in tsjinstesintrum fan belang, foar de eigen befolking en de regio, foar gruthannel, lytse hannel ûnderwiis, oerheidstsjinsten, religy, ferdivedaasje, hoareka, sûnenssoarch en finânsjen.

It toerisme is in wichtige ynkomstenboarne foar de stêd. Dêr komme in soad kristlike pylgers en Israelyske minsken út alle befolkingsgroepen, de lêsten meast foar ien dei. Sa is dêr in Jezuskuierrûte fan 60 km dy't in protte religieuze plakken meielkoar ferbynt en yn Kapernaüm einiget.
De ekonomy fan Nazaret hie dan ek bot te lijen fan it geweld yn de tiid fan de Earste en Twadde yntifada, fanwege it fuortbliuwen fan pylgers en joadske toeristen.

Neist de Basilyk fan de Oankundiging hat Nazaret in plak dat ferneamd is as de "put fan Maria". Fierders is dêr in kleurige merk, in protte restaurants en bakkerijen (Nazaret is ferneamd om syn gebak en oare swietichheden) en hotels fan alle mjitten en (priis)klassen.

Partnerstêden (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Nazaret

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy