Springe nei ynhâld

Seeklaailânskip

Ut Wikipedy
Seeklaaigea by de Elbe by Hamburch

In seeklaailânskip of -gea of ek wol in polderlânskip of -gea is in lânskipstype dy't bylâns kusten, riviermûnings en see-ynhammen fûn wurde kinne. It noarden fan Noard-Hollân, Fryslân, Grinslân, de Dútske en Súdwestjutlânske Noardseekusten befetsje sokke geaen. De boaiem fan sokke grûn bestiet út fruchtbere seeklaai dy't ûnder ynfloed fan ebbe en floed ôfset waard. Foar't der diken om beskate stikken lân oanlein waarden, strûpte it lân by heech tij ûnder wetter. Dan kin better sprutsen wurde fan mersklân, lykas yn it Dútsk de namme foar in seeklaaigea Marschland, yn it Ingelsk tidal marsh (tijmersk), yn it Deensk marsk, yn it Frânsk as marais maritime, yn it Spaansk as marisma en yn it Portegeesk as pântano salgado is. Dy oantsjuttings wurde ek brûkt foar sompegebieten. Yn Nederlân, Flaanderen en East-Fryslân wurde sokke geaen gauris as poldergeaen en yn Noard-Dútslân as koog en groden oantsjut om't dy bedike waarden.

De âldste seeklaai yn de Fryske lannen waard ôfset yn it ier-holoseen doe't de seespegel omheech gie troch it teien fan it iis. By de kust del wiene strânwâlen dy't net sletten wiene, mei dêr benefter in ûndjippe lagune, te ferlykjen mei de hjoeddeistige Waadsee. Om't de see sedimint oanfieren bleau koe der yn in tiidrek doe't de seespegel algeduerigen heger waard, ûntstie der in mersklân.

Doe't de strânwâlen foar in grut part sletten waarden koe der yn it efterlân fean waakse. Fan de iere midsiuwen ôf waard it fean oanmakke en ôfgroeven en doe waarden de kustgebieten gefoeliger foar it ynbrekken fan de see. Dêrby waarden slinken foarme en waard klaai ôfset op it fean (jonge seeklaai). Foarbylden dêrfan binne de Marneslinke en de Middelsee.

Kwelders en bewenning

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op guon plakken wie it opslike lân al heech genôch dêr't it lân by floed net altyd mear ûnderstrûpte en dêr koe fegetaasje waakse en sadwaande ûntstiene der kwelders. Om't dat lân frij drûch wie koene der minsken wenje, benammen op de kwelderrêgen dy't bylâns in slinke ûntstiene troch it algeduerigen oanslykjen fan sediminten. Yn de tolfde iuw f.Kr. wie der al bewenning op lytse skaal yn de klaaistreken fan Noard-Hollân, Fryslân, Grinslân en Noardwest-Dútslân. Fan de sânde iuw f.Kr. ôf waard de bewenning fan dy geaen yntinsiver. Yn de kwelders waarden dêr ynearsten terpen opwurpen. Fan de tsiende iuw n.Kr. ôf waarden de gebieten beskerme troch it oanlizzen fan diken. Dêrtroch slike in soad fan dy slinken op en waard dat oanslike lân bedike. Sokke gebieten befettet saveleftige klaai en wie tige fruchtber, Letter waarden der ynlânske marren, benammen yn Noard-Hollân en Fryslân, drûchmakke. Dat waard in drûchmakkerij neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Literatur', Einzelnachweise und Anmerkungen op dizze side.

Literatuer

  • Huizenga, Hilde E.A., Oogst van de landschappen van rivieren en kust. Cultuurhistorie en bijna vergeten beheertechnieken voor opbrengst van erf en terrein, De Haach 2013
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy