Springe nei ynhâld

Sekssymboal

Ut Wikipedy

In sekssymboal is in ferneamd persoan — man of frou — dy't troch in soad minsken as it prototype fan seksueel oantreklik beskôge wurdt. De term waard foar it earst om 1911 hinne brûkt.

De filmyndustry hat in wichtige rol spile by it opkommen fan sekssymboalen. Ien fan de earsten wie de Deenske aktrise Asta Nielsen yn de jierren '10 en '20 fan de 20e iuw. In dy tiid spilen taalbarriêres noch gjin rol omt de films noch gjin lûd hiene sadat in protte sekssymboalen doe noch net-Ingelsktalich wiene. In sekssymboal fan de 20er jierren wie Clara Bow, en dêrnei Jean Harlow. Marilyn Monroe is sa'n bytsje it ferneamdste sekssymboal fan alle tiden.

Films binne noch hieltyd wichtige leveransiers fan sekssymboalen, mar de measten komme tsjintwurdich út telefyzjerigen (benammen sjippe-rigen), de moade-yndustry en de muzykyndustry.

De term sekssymboal hat net altyd mei uterlik te krijen. Foaral by manlju spylje wol oare kwaliteiten in rol. Sa waard yn Nazi-Dútslân Adolf Hitler troch in soad froulju as sekssymboal sjoen.

Neist minsken binne der ek firtuele sekssymboalen, ûnder oaren yn de Japanske anime en manga spilet dat in grutte rol. Ek de firtuele Lara Croft kin as sekssymboal oanmerke wurde.

In sekssymboal moat net betize wurde mei seksesymboal, in teken wêrmei't fral de biology de slachte fan in organisme oanjout: ♀ foar froulju en ♂ foar manlju.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy