Springe nei ynhâld

Stôk

Ut Wikipedy
In stôk brûkt by Easterske fjochtsport.

In stôk (meartal: stokken) is in tin en lang stik hout. It komt foar yn ûnbewurke steat, as in diel fan in tûke fan in beam, mar ek yn bewurke steat, bgl. as hânsel fan ark en reau, lykas skeppen, foarken, skoffels, ensfh. Oare soarten stokken dy't brûkt wurde as helpmiddel, binne û.o. in strykstôk (by it bespyljen fan strykynstruminten), in lymstôk (by it fangen fan sjongfûgels), in tintestôk (by it opsetten fan in tinte) en in peilstôk (by it mjitten fan 'e djipte fan in floeistof lykas wetter of oalje).

Stokken komme foar yn ferskillende formaten, fan oergrut, lykas in pols, in lange stôk dy't brûkt wurdt by it fierljeppen, of in flaggestôk, in tige lange stôk dy't brûkt wurdt om flaggen oan wapperje te litten, oant in trommestokje, in lyts fyn stokje dat brûkt wurdt by it bespyljen fan slachynstruminten, of in toverstôk, in noch lytser stokje dat yn mearkes en fantasyliteratuer faak brûkt wurdt troch tsjoenders by it tsjoenen.

Lju dy't krebintich binne of in lichaamlike beheining hawwe, brûke faak in stôk by it rinnen, lykas in gongelstôk, in kruk of, yn it gefal fan blinen, in blinestôk. Ek by guon sporten wurdt gebrûk makke fan stokken om it lykwicht te hâlden, lykas skystokken by it skyen en nordic walking sticks by nordic walking. By beskate oare sporten wurdt in stevige stôk brûkt om in bal mei fuort te slaan, lykas in honkbalkneppel by honkbal of in hockeystick by hockey.

In stôk kin ek in wapen wêze. Dan wurdt er faak oantsjut as in kneppel. Fan sokke stokken besteane ferskate soarten, lykas de wapenstôk, dy't de plysje brûkt, de ploertedeader, de tradisjonele knopkirie fan in protte Afrikaanske kultueren en de shillelagh út Ierlân. Dat binne allegear relatyf koarte stokken, mar men kin ek langere stokken as wapen brûke. Dat hjit stôkfjochtsjen en om dat te dwaan sûnder jinsels te besearen is in protte kennis en training nedich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Note en Bibliografia, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy