Springe nei ynhâld

Star Wars: The Bad Batch

Ut Wikipedy
Star Wars: The Bad Batch
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch George Lucas
ûntwikkele troch Dave Filoni
produsint Josh Rimes
útfierend
   produsint
Dave Filoni
Athena Yvette Portillo
Jennifer Corbett
Brad Rau
basearre op de Star Wars-prequeltrilogy
muzyk Kevin Kiner
tillefyzjestudio Lucasfilm
Lucasfilm Animation
distribúsje Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen Dee Bradley Baker
Michelle Ang
voice-over Tom Kane
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre militêre science fiction,
fantasy, aksje, aventoer
seizoenen 3
jierren 2021 – no
tal ôfl. 47
spyltiid (ôfl.) 23 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen 1 × Saturn Award
webside www.starwars.com/series/star-wars-the-bad-batch
besibbe searjes Star Wars: The Clone Wars
Star Wars: Rebels
Star Wars: Resistance

Star Wars: The Bad Batch is in Amerikaanske tekenfilmsearje dy't yn 2021 úteinsette. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan militêre science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Star Wars: The Bad Batch waard basearre op 'e Star Wars-prequeltrilogy. De searje is in spin-off fan 'e eardere tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: De Minne Kloft", of: "De Defekte Kloft". De searje folget de fiif (letter seis) leden fan in geweargroep fan kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk, dy't troch har genetyske mutaasjes by steat binne om har te befrijen fan 'e fia in chip yn harren harsens ymplantearre hearrigens oan 'e boasaardige keizer Palpatine en syn trewanten. Neitiid tsjogge se as hierlingen troch it Stjerrestelsel en nimme dêrby riskante misjes oan. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: The Bad Batch pleatst wurde drekt nei de film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith. De searje waard troch de tillefyzjekritisy mei positive resinsjes ûntfongen en wûn yn 2022 in Saturn Award.

De tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars rûn yn it earstoan fan 2008 oant en mei 2014, wêrnei't er omreden fan 'e oername fan filmstudio Lucasfilm troch Disney stopset waard. Yn july 2018 kundige Dave Filoni, it haad fan Lucasfilm Animation, oan dat der noch in sânde en lêste seizoen fan Star Wars: The Clone Wars makke wurde soe om alle ferhaallinen ôf te triedzjen. Dat sânde seizoen kaam yn 2020 beskikber fia de streamingtsjinst Disney+. Dêrta hearde ek in ferhaalline fan fjouwer ôfleverings wêryn't in geweargroep fan kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk mei genetyske mutaasjes yntrodusearre waard, dy't oantsjutten waard as "the bad batch". Dy ôfleverings waarden streekrjocht oernommen fan in earder, nea makke, slotseizoen fan Star Wars: The Clone Wars, dat betocht wie troch Star Wars-skepper George Lucas. De ferhaalline sloech sa oan, dat Lucasfilm besleat om "the bad batch" in eigen searje te jaan.

Yn july 2020 waard formeel besletten ta it meitsjen fan Star Wars: The Bad Batch. De searje waard ûntwikkele troch Dave Filoni op basis fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Josh Rimes wie as tillefyzjeprodusint by it projekt belutsen foar Lucasfilm en dochterûndernimming Lucasfilm Animation. Yn 'e mande mei Athena Yvette Portillo, Jennifer Corbett en Brad Rau hie Filoni as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. De titelmuzyk en de soundtrack wiene it wurk fan Kevin Kiner, dy't dêrfoar gebrûk makke fan tema's út 'e filmmuzyk dy't John Williams komponearre hie foar de films fan 'e Skywalker Saga. De distribúsje fan Star Wars: Resistance waard fersoarge troch Disney Platform Distribution. De searje waard útslutend beskikber makke fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney. Anno 2023 rint Star Wars: The Bad Batch twa seizoenen, fan maaie 2021 oant en mei maart 2023. Der binne (oant no ta) yn totaal 32 ôfleverings makke fan elts 23 minuten.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: The Bad Batch draait om in geweargroep (Kloangroep 99) fan fiif kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk: Hunter, Wrecker, Tech, Cosshair en Echo (allegearre ynsprutsen troch Dee Bradley Baker). Krekt as alle kloansoldaten binne hja tarist mei in chip yn 'e harsens dy't harren eigen wil ûnderdrukke kin. Op dy wize brûkt kânselier Palpatine de kloanen by syn steatsgreep om harren troch Oarder 66 harren eigen Jedi-ofsieren fermoardzje te litten by wat bekend komt te stean as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. Neitiid is it foar Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, in kâld keunstke om 'e macht te gripen, de Galaktyske Republyk ûnder fuotten te heljen en autokratysk regearjend keizer te wurden fan it nije Galaktysk Keizerryk.

De leden fan Kloangroep 99 hawwe lykwols genetyske mutaasjes dy't harren by steat stelle om 'e wurking fan 'e chip yn har harsens te ûnderdrukken. Nei de Grutte Suvering fan 'e Jedi desertearje se út it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat dan omfoarme wurdt ta de stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk. In jonge froulike kloan, Omega (Michelle Ang), dy't in net-modifisearre replikaasje fan 'e Mandaloriaanske preemjejager Jango Fett is, slút har by Kloangroep 99 oan. Seisresom reizgje se tenei troch it Stjerrestelsel en nimme se yn 'e gaoatyske tiid fuort nei de oprjochting fan it Galaktysk Keizerryk as hierlingen riskante misjes op har.

Stimakteur Dee Bradley Baker.
personaazje                       akteur/aktrise
Hunter Dee Bradley Baker
Wrecker Dee Bradley Baker
Tech Dee Bradley Baker
Crosshair Dee Bradley Baker
Echo Dee Bradley Baker
Omega Michelle Ang

Weromkearende byrollen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
personaazje akteur/aktrise        
voice-over Tom Kane
AZI-3 Ben Diskin
premier Lama Su fan Kamino Bob Bergen
Nala Se Gwendoline Yeo
fise-admiraal Rampart Noshir Dalal
ES-04 Dahéli Hall
Cid Rhea Perlman
Bolo Liam O'Brien
Ketch Sam Riegel
ES-02 Tina Huang
ES-03 Ness Bautista
personaazje akteur/aktrise
Jedi-master Depa Billaba Archie Panjabi
alle oarlochsandroïden Matthew Wood
Caleb Dume Freddie Prinze jr.
keizer Palpatine / Darth Sidious Ian McDiarmid
Bib Fortuna Matthew Wood
Saw Gerrera Andrew Kishino
admiraal Wilhuff Tarkin Stephen Stanton
grutfizier Mas Amedda Stephen Stanton
Cut Lawquane Dee Bradley Baker
Shaeeah Lawquane Nika Futterman
Jek Lawquane Kath Soucie
Suu Lawquane Cara Pifko
ES-01 Emilio García-Sánchez
kaptein Rex Dee Bradley Baker
Howzer Dee Bradley Baker
Gregor Dee Bradley Baker
Wilco Dee Bradley Baker
luitenant-kolonel Cody Dee Bradley Baker
Fennec Shand Ming-Na Wen
Trace Martez Brigitte Kali
Rafa Martez Elizabeth Rodriguez
Cad Bane Corey Burton
Todo 360 Seth Green
Taun We Rena Owen
Avi Singh Alexander Siddig
GS-9 Sian Clifford
Hera Syndulla Vanessa Marshall
Cham Syndulla Robin Atkin Downes
Eleni Syndulla Ferelith Young
senator Orn Free Taa Phil LaMarr
senator Bail Organa Phil LaMarr
Chopper (lûdseffekten)
Roland Durand Tom Taylorson
Phee Genoa Wanda Sykes
Romar Adell Héctor Elizondo
Tawni Ames Tasia Valenza
gûverneur Grotton Max Mittelman
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 16 4 maaie 2021 13 augustus 2021 Disney+
2 16 4 jannewaris 2023 29 maart 2023

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat it earste seizoen fan Star Wars: The Bad Batch in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 90 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De prachtich animearre aventoeren soene wolris tefolle op foarôfgeande kennis fan it Star Wars-universum stypje kinne foar tafallige sjoggers, mar fans sille der perfoarst fan genietsje om djipper yn dizze mânske cast fan personaazjes te dûken." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet it earste seizoen fan Star Wars: The Bad Batch in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 9 resinsjes.

Star Wars: The Bad Batch wûn yn 2022 de Saturn Award foar bêste tekenfilmsearje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy