Springe nei ynhâld

The A-Team

Ut Wikipedy
The A-Team
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Frank Lupo
Stephen J. Cannell
produsint John Ashley (seiz. 1-4)
Patrick Hasburgh (seiz. 1)
Tom Blomquist (seiz. 5)
útfierend
   produsint
Frank Lupo
Stephen J. Cannell
muzyk Mike Post
Pete Carpenter
tillefyzjestudio Universal Television
Stephen J. Cannell Productions
distribúsje NBCUniversal TV Distribution
spilers
haadrollen George Peppard
Dirk Benedict
Mr. T
Dwight Schultz
Melinda Culea (seiz. 1-2)
Marla Heasley (seiz. 3-4)
voice-over John Ashley (by titelmuzyk)
skaaimerken
foarm live action-tillefyzjesearje
sjenre aksjesearje
seizoenen 5
jierren 19831987
tal ôfl. 98
spyltiid (ôfl.) 48 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
webside www.cannell.com/.../the-a-team
Dizze side giet oer de tillefyzjesearje út 'e 1980-er jierren. Foar oare betsjuttings, sjoch: The A-Team (betsjuttingsside).

The A-Team wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't fiif seizoenen rûn, fan 1983 oant 1987, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd is. It wie in aksjesearje oer in team fan hierlingen dat troch sljochtwei lju ynhierd wurdt om 'e tiranny fan pleatslike machthawwers ûnder fuotten te heljen. De haadrollen waarden fertolke troch George Peppard, Dirk Benedict, Mr. T en Dwight Schultz. The A-Team waard tige populêr, benammen by bern en jongerein, en wurdt no sjoen as in wier ikoan fan 'e tillefyzje út 'e 1980-er jierren. De searje waard produsearre yn opdracht fan it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC en waard trije kear nominearre foar in Emmy Award.

De term "A-Team", yn 'e sin fan it earste en bêste team, is in bynamme dy't troch de kommando's fan it Amerikaanske Leger brûkt wurdt foar wat formeel Operasjoneel Detasjemint Alpha (ODA) hjit. De term rekke ûnder de Fjetnamoarloch yn it Amerikaanske militêr jargon ynboargere.

The A-Team waard kreëarre troch tillefyzjeprodusinten en senarioskriuwers Stephen J. Cannell en Frank Lupo yn opdracht fan Brandon Tartikoff, de direkteur fan 'e ôfdieling fermaak fan it tillefyzjenetwurk NBC. Cannell hie oan it begjin fan 'e 1980-er jierren ûntslach krigen by konkurrint ABC, nei't it him net slagge wie om in hitsearje te produsearjen, en waard doe oannommen troch NBC. The A-Team wie dêr syn earste projekt, en der waard oer it algemien net folle fan ferwachte. Lykwols hat Cannell yn in fraachpetear sein dat haadrolspiler George Peppard, mei in foar him typearjend selsfertrouwen, al grut súkses foarsei "foar't we de kamera sels mar oanset hiene."

Der waarden fan The A-Team fiif seizoenen makke troch de tillefyzjestudio's Universal Television en Stephen J. Cannell Productions. It earste seizoen waard produsearre troch John Ashley en Patrick Hasburgh, seizoen twa oant en mei fjouwer troch Ashley allinne, en seizoen fiif troch Tom Blomquist. Frank Lupo en Stephen J. Cannell bleaune as útfierende produsinten oan it projekt ferbûn. De titelmuzyk waard komponearre troch Mike Post en Pete Carpenter y.g.m. Garry Schyman (dy't gjin fermelding yn 'e begjintitels krige). Ferskate ôfleverings fan The A-Team waarden hielendal of foar in part filme op 'e Golden Oak Ranch fan Disney by Santa Clarita.

De pilotôflevering Mexican Slayride waard op 30 jannewaris 1983 útstjoerd, fuort nei de Superbowl, it kampioenskip fan it Amerikaansk fuotbal, en hie mei dêrom tige hege sjochsifers. Yn it fjirde seizoen rekke it lykwols mei de sjochsifers yn it neigean, en yn it fyfde seizoen boaze dat noch fierder oan, nettsjinsteande de feroarings dy't oan 'e searje oanbrocht waarden. Sadwaande loek NBC úteinlik yn maart 1987 de stekker derút. Alle fiif seizoenen fan The A-Team waarden yn 2007 troch Universal Pictures Home Entertainment op dvd útbrocht.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It A-Team is in (fiktive) kommando-ienheid fan it Amerikaanske Leger, wêrfan't de leden yn 'e Fjetnamoarloch fochten hawwe. Nei't se foar de kriichsried dage waarden foar in misdriuw dêr't se ûnskuldich oan wiene, krigen se lykwols lange finzenisstraffen oplein. Se wisten te ûntsnappen út it tichthûs en doeken ûnder. No wurkje se as hierlingen en helpe se de lytse man tsjin 'e tiranny fan kriminelen en heechpleatste pommeranten dy't har macht misbrûke, wylst se allegeduerigen efterfolge wurde troch de militêre plysje. It team bestiet út 'e slûchslimme kolonel Hannibal Smith (George Peppard), de rokkejager luitenant Face Peck (Dirk Benedict), de krachtpatser sersjant B.A. Baracus (Mr. T), en de sljochtsinnige kaptein en piloat Howling Mad Murdock (Dwight Schultz).

It opfallende Chevrolet G20-buske fan it A-Team.

Alle ôfleverings fan The A-Team stiene fierhinne op harsels, útsein ien of twa twadielige ôfleverings per seizoen. De ôfleverings waarden fierhinne makke nei in fêst stramyn, en befetten ek faak weromkearende eleminten, lykas de fleaneangst fan B.A. en in útwrydsk hichtepunt as it team syn tsjinstanners ferslacht troch wapens en pânserfiertugen te meitsjen fan âlde rommel en húsrêding.

Dat de sjochsifers yn it fjirde seizoen dramatysk omleech tommelen, wie neffens de Amerikaanske tillefyzjekritikus Gold Burt te witen oan it feit dat yn prinsipe al fjouwer seizoenen lang hieltyd itselde ferhaaltsje opdist waard. Yn reäksje dêrop waarden yn it lêste seizoen fan 'e searje ferskate feroarings trochfierd. Sa wie it A-Team oant dy tiid hieltyd beselskippe troch in froulike helpster, yn seizoen 1 en 2 troch sjoernaliste Amy Allen (Melinda Culea) en yn seizoen 3 en 4 troch in oare sjoernaliste, Tawnia Baker (Marla Heasley). Yn seizoen 5 soe ek sa'n soarte personaazje opfierd wurde, Tia, in weesbern út 'e Fjetnamoarloch dat no, as folwoeksen frou, yn 'e Feriene Steaten wennet, spile troch Tia Carrere. Dy rol waard lykwols skrast.

Ynstee waard it A-Team einlings en te'n lêsten finzennommen troch de militêre plysje. Generaal Hunt Stockwell (Robert Vaughn), in mysterieuze spesjaal agint fan 'e CIA, stelt harren foar om ferskate tige gefaarlike misjes foar him út te fieren, wêrnei't hy derfoar soargje sil dat se folsleine amnesty krije. Dêrfoar moatte se earst wol op 'e nij útbrekke út it tichthûs en om dat te bewurkmasterjen, lit er harren sabeare terjochtstelle troch in fjoerpeloton. Syn hantlanger Frankie Santana (Eddie Velez) jout him neitiid by it team as ekspêr op it mêd fan springstof en oare spesjale effekten. De misjes dy't it team dêrnei ta in goede ein bringe moast, ferskilden frijwat fan dy út 'e eardere seizoenen, en hiene mear te krijen mei spionaazje as mei it yninoar slaan fan drugsdealers of ynklauwerige grutgrûnbesitters. Sa moasten se û.m. in diktator ûnder fuotten helje, in wittenskipper út 'e DDR rêde en geheime Amerikaanske regearingsynformaasje weromstelle fan 'e Sovjet-Uny.

De feroarings yn it fyfde seizoen foelen lykwols net yn 'e smaak by de fans, dat de sjochsifers giene fierder omleech. Sadwaande kamen fan it lêste seizoen yn 'e Feriene Steaten mar trettjin ôfleverings op 'e tillefyzje, foar't de searje stopsetten waard. By útstjoerings yn oare lannen en territoaria waard it fyfde seizoen faak hielendal fuortlitten. Yn 'e alderlêste ôflevering, The Grey Team, beprate de leden fan it team wat se dwaan sille as se einlings amnesty krije, en de ymplikaasje is dat se fierhinne itselde dwaan sille dat se altyd al dien hawwe.

De haadrolspilers fan The A-Team. F.l.n.rj.: Dirk Benedict as Face Peck, George Peppard (sittend) as Hannibal Smith, Dwight Schultz as Howling Mad Murdock en Mr. T as B.A. Baracus.
personaazje akteur/aktrise
kolonel John "Hannibal" Smith George Peppard
luitenant Templeton "Face" Peck Dirk Benedict (yn 'e pilotôflevering Tim Dunigan)
sersjant Bosco "B.A." Baracus Mr. T
kaptein H.M. "Howling Mad" Murdock Dwight Schultz
Amy Amanda Allen Melinda Culea (seizoen 1-2)
Tawnia Baker Marla Heasley (seizoen 3-4)
Frankie Santana Eddie Velez (seizoen 5)
generaal Hunt Stockwell Robert Vaughn (seizoen 5)

Weromkearende byrollen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
personaazje akteur/aktrise
kolonel Francis Lynch fan 'e militêre plysje (seizoen 1) William Lucking
kolonel Roderick Decker fan 'e militêre plysje (seizoen 2-3 en begjin seizoen 4) Lance LeGault
kaptein Crane (assistint fan Decker) (seizoen 2-3 en begjin seizoen 4) Carl Franklin
generaal Harlan "Bull" Fulbright fan 'e militêre plysje (ein seizoen 4) Jack Ging

Bekende spilers fan gastrollen yn mar ien (of soms twa) ôfleverings fan The A-Team wiene û.o. popsjonger Boy George, showwrakselder Hulk Hogan en model Vanna White, dy't harrensels spilen, en fierders Dean Stockwell, Wendy Fulton (de frou fan Dwight Schultz), Isaac Hayes, David McCallum, Joe Namath, Markie Post, Yaphet Kotto, Della Reese en Steven Keats.

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 14 23 jannewaris 1983 10 maaie 1983 NBC
2 23 20 septimber 1983 15 maaie 1984
3 25 18 septimber 1984 14 maaie 1985
4 23 24 septimber 1985 13 maaie 1986
5 13 26 septimber 1986 8 maart 1987

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The A-Team is troch oanhâldende werhellings noch altyd prominint yn 'e Westerske popkultuer. Guon fan 'e wichtichste eleminten fan 'e searje binne datoangeande it suver cartooneske geweld, wêrby't mar komselden immen earnstich ferwûne rekket, it fermogen fan 'e haadpersoanen om wapens en fiertugen te meitsjen út âlde rommel en wat reserve-ûnderdielen, en de opfallende titelmuzyk. De fêste útspraak fan Hannibal Smith "I love it when a plan comes together" (frij fertaald: "Geweldich as in plan slagget") is ek noch altyd rûnom bekend. Itselde jildt foar it swarte Chevrolet G20-buske mei de diagonale reade streek op 'e sydkant, dy't it fêste ferfiermiddel fan it team wie.

The A-Team makke de karriêre as akteurs fan Mr. T en Dwight Schultz. De searje waard trije kear nominearre foar in Emmy Award. De earste kear wie yn 1983, foar de pilotôflevering, yn 'e kategory treflike lûdsmixing foar in searje. De twadde kear wie yn 1984, foar de ôflevering When You Comin' Back, Range Rider?, op 'e nij yn 'e kategory treflike lûdsmixing foar in searje. En de trêde kear wie yn 1987, foar de ôflevering Firing Line, foar treflike lûdsmontaazje foar in searje.

Der waarden yn 'e 1980-er jierren alve romans op ôfleverings fan The A-Team basearre, dy't op 'e merk brocht waarden troch útjouwerij Dell Publishing. Marvel Comics produsearre fierder in trijedielige stripsearje op basis fan 'e searje.

Yn 2010 waard op basis fan 'e searje fierders in film makke, dy't ek The A-Team hiet. Dêryn komme deselde personaazjes foar, hoewol fansels (nei tritich jier) spile troch oare akteurs, mar fierders hat de film net folle mei de searje te krijen. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen, sadat it neat waard mei in ferfolchfilm.

Yn septimber 2015 makke it Amerikaanske tillefyzjenetwurk Fox bekend dat der in rebootsearje op basis fan The A-Team yn preproduksje is, mei Chris Morgan as útfierend produsint en Cannell syn dochter Tawnia McKiernan en Albert Kim as senarioskriuwers. It nije team soe út sawol manlju as froulju bestean moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy