Springe nei ynhâld

The Bridge on the River Kwai

Ut Wikipedy
The Bridge on the River Kwai
film
makkers
regisseur David Lean
produsint Sam Spiegel
senario Carl Foreman
Michael Wilson
basearre op Le Pont de la Rivière Kwaï
   fan Pierre Boulle
kamerarezjy Jack Hildyard
muzyk Malcolm Arnold
filmstudio Horizon Pictures
Columbia Pictures
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen William Holden
Alec Guinness
byrollen Jack Hawkins
Sessue Hayakawa
James Donald
André Morell
Peter Williams
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 2 oktober 1957
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochsfilm
taal Ingelsk
spyltiid 161 minuten
budget en resultaten
budget $2,8 miljoen
opbringst $30,6 miljoen
prizen 7 × Oscar
3 × Golden Globe
4 × BAFTA

The Bridge on the River Kwai is in Amerikaansk-Britske histoaryske oarlochsfilm en anty-oarlochsfilm út 1957 ûnder rezjy fan David Lean, mei yn 'e haadrollen William Holden en Alec Guinness. De titel betsjut "De Brêge oer de Rivier de Kwai". De film waard basearre op 'e roman Le Pont de la Rivière Kwaï, fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle. It ferhaal folget in kloft Amerikaanske en Britske kriichsfinzenen, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch troch de Japanners ynset wurdt om in spoarbrêge oer de rivier de Kwai te bouwen. Hoewol't de film gebrûk makket fan 'e histoaryske setting fan 'e oanlis fan 'e Birmaspoarwei yn 1942 en 1943, binne it fierdere ferhaal en de personaazjes frijwol folslein fiktyf. The Bridge on the River Kwai krige doedestiden oerweldigjend positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e bêste films aller tiden. It wie de meast opbringende film fan 1957 en wûn sân Oscars, trije Golden Globes en fjouwer BAFTA's, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Dramafilm.

Begjin 1943 wurdt in kloft Britske militêren, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch kriichsfinzen nommen is troch de Japanners, nei in kamp yn Birma ta brocht. Harren befelfierder, kolonel Nicholson, lit syn manskippen ûnder it fluitsjen fan har rezjimintsliet yn marsoarder dêrhinne optsjen. De oankomst fan 'e Britten wurdt mei drûge humor merkslein troch Shears, in ofsier fan 'e Amerikaanske Marine dy't yn itselde kamp as kriichsfinzene troch de Japanners fêstholden wurdt. Hy keapet in skyldwacht om sadat er oerpleatst wurdt fan it begraffeniskontingint nei de sikeboech. Underwilens sprekt de Japanske kommandant fan it kriichsfinzenekamp, Saito, de krekt oankommen Britten ta. Hy makket harren dúdlik dat se allegear oan it wurk set wurde sille by de oanlis fan in spoarbrêge oer de rivier de Kwai, dy't ûnderdiel útmeitsje sil fan 'e Birmaspoarwei fan Bangkok nei Rangoon. Nicolson kantet him dêr fuortendaliks tsjin oan, mei't er derop wiist dat ûnder de regels fan 'e Konvinsje fan Sjenêve kriichsfinzen ofsieren frijsteld binne fan lichaamlike arbeid.

Neitiid bejout Nicholson him nei de sikeboech, dêr't er Jennings opsiket, ien fan syn mannen dy't ferwûne rekke wie. Majoar Clipton, de legerdokter dy't oer de sikeboech giet, bringt Nicholson yn 'e kunde mei "kaptein-luitenant-op-see" Shears. As Jennings in útstel docht foar in ûntsnapping, leit Nicholson dêrtsjin yn dat it befel ta oerjefte fan 'e legerlieding kaam, en dat in ûntsnapping dêrom oerhearrigens oan it befel fan in superieur wêze soe. Shears, dy't de naïviteit fan Nicholson suver net te leauwen fynt, oppenearret dat ûntsnapping de iennichste kâns is dy't de kriichsfinzenen ûnder de strieminne omstannichheden yn 'e Japanske kampen hawwe om te ûntkommen oan in deastraf troch twangarbeid.

De oare deis kundiget Saito op 'e nij oan dat alle kriichsfinzenen, de ofsieren ynbegrepen, oan 'e brêgebou wurkje sille. Dêrop hellet Nicholson in eksimplaar fan 'e Konvinsje fan Sjenêve foar it ljocht om derop te wizen dat soks ûnreglemintêr is, mar Saito skuort him it dokumint út 'e hannen, slacht him dermei om 'e kop en smyt it dan op 'e grûn del. De sljochtwei soldaten sette ûnder begelieding fan Japanske wachten ôf nei it plak dêr't de brêge komme moat. As Nicholson dan noch altyd wegeret en stean syn ofsieren ta om oan it wurk diel te nimmen, lit Saito in masinegewear opstelle en driget er harren allegear dea te sjitten. Clipton hastiget him út 'e sikeboech nei Saito ta om him te warskôgjen dat hy en syn pasjinten de hiele konfrontaasje sjoen hawwe en tsjûgen wêze sille fan in oarlochsmisdie as Saito syn drigemint trochset. Dêrop betinkt Saito him. Ynstee lit er Nicholson en syn ofsieren de hiele dei yn 'e gleone sinne stean. Neitiid lit er Nicholson yninoar slaan en opslute yn "de ûne", in primitive hutte dy't folslein makke is fan metaal op in plak dêr't er de hiele dei yn 'e sinne stiet. De oare Britske ofsieren ferdwine yn 'e saneamde 'strafhutte'.

De soldaten besykje Nicholson letter oan te fiterjen troch For He's a Jolly Good Fellow te sjongen. Wylst de oandacht fan 'e Japanners op 'e sjongende troepen fêstige is, pike Shears, Jennings en in trêde kriichsfinzene, Weaver, út en ûntsnappe nei it oerwâld om it kamp hinne. De Japanners krije harren al rillegau yn 'e rekken, en Jennings en Weaver wurde op 'e flecht deasketten. Neitiid wurdt Shears troch de Japanners efterfolge oant se him op in ferhef boppe de rivier yn it each krije en delsjitte. Hy falt omleech yn 'e rivier, en de Japanners nimme oan dat er omkommen is, mar Shears oerlibbet it en wit streamôf de igge te berikken. Ferwûne en koartsich wurdt er fûn troch de ynwenners fan in Siameesk doarpke, dêr't er ferpleegd wurdt oant er wer opbettere is. Neitiid set er wer lykme-allinne ôf yn in boatsje oant er de kust berikt. As syn drinkwetter oprekket, ferliest er it bewustwêzen wylst syn boatsje doelleas fierder driuwt. It wurdt opmurken troch in Britske fleanboat; sa wurdt Shears rêden en wit er úteinlik de Britske koloanje Britsk-Seylon (it hjoeddeistige Sry Lanka) te berikken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it kriichsfinzenekamp lit Saito Clipton by him bringe en befellet him om Nicholson oan it ferstân te bringen dat as er wegeret mei te wurkjen, de pasjinten út 'e sikeboech yn it plak fan 'e ofsieren oan it wurk set wurde sille. Nicholson hâldt lykwols fol dat er net oars kin as by syn wegering te bliuwen, mei't it in prinsipekwestje is. Dat set Saito wol yn 'e pine, want dyselde hat fan syn oerhearrigen noch mar twa moannen de tiid krigen om 'e spoarbrêge te bouwen. Frustrearre troch de stadige foarútgong beslút er om sels de lieding oer de bou op him te nimmen, mar as in diel fan 'e brêge ynstoart, jout er it oer. Hy lit Nicholson út 'e ûne helje en by him bringe, en leit him út dat er rituele selsmoard dwaan moatte sil as de brêge op 1 maaie net klear is. Dat makket net folle yndruk op Nicholson, dy't der fannijs op timmeret dat de Konvinsje fan Sjenêve neilibbe wurde moat. Saito lit him werombringe nei de ûne.

Dagen letter, as er foar it ferstân kriget dat er sa net fierder komt, makket de tsjin dy tiid wanhopige Saito gebrûk fan it jubileum fan 'e Japanske oerwinning op 'e Russen yn 'e Russysk-Japanske Oarloch fan 1905 om ûnder de kriichsfinzenen in algemiene amnesty ôf te kundigjen. De ferswakte Nicholson wurdt út 'e ûne helle en syn ofsieren wurde frijlitten út 'e strafhutte. En boppedat hoege de ofsieren net aktyf oan 'e brêgebou diel te nimmen. Wylst de kriichsfinzenen jûchheie om Nicholson syn oerwinning, sit Saito brutsen en gûlend yn syn kantoar.

Nicholson ynspektearret wat der oant no ta fan 'e brêge oanlein is, en is skokt om fêst te stellen wêr't de ûnkunde fan 'e Japanners en de sabotaazje fan 'e kriichsfinzenen ta laat hawwe. Hy freget ried oan kaptein Reeves, dy't foar de oarloch as yngenieur wurke hat. Dyselde seit dat de rivierboaiem op dizze lokaasje kleare drek is en slacht foar de brêge in ein streamôf te bouwen, dêr't de boaiem út solide rots bestiet. As majoar Hughes krityk hat op 'e ûnderlinge gearwurking fan 'e soldaten, kundiget Nicholson oan dat er it moreel fan syn troepen wer op peil bringe sil troch in foarbyldige spoarbrêge te bouwen, wêrby't it him alhiel liket te ûntkommen dat soks delkomt op kollaboraasje mei de fijân. Hy leit Saito in nij bouplan foar de brêge foar en suggerearret dat de Japanske soldaten har ûnderwilens nuttich meitsje kinne troch de eigentlike spoarline nei it nije plak fan 'e brêge te ferlizzen. Hoewol't er ynsjocht dat Nicholson syn posysje oan it oernimmen is, ferklearret Saito dat er dat befel al jûn hat. Neitiid rekket Nicholson obsedearre troch de brêge, dy't er sa sekuer bouwe wol dat er noch iuwenlang as monumint foar de fernimstigens fan it Britske Leger tsjinje kin. Hy begjint de brêge te sjen as syn eigen neilittenskip, en as er foar it ferstân kriget dat er de deadline net helje sil, set er net inkeld de ofsieren, mar ek de pasjinten út 'e sikeboech oan it wurk om mei te helpen by de bou.

Underwilens genietet Shears op Ceylon fan syn ferbliuw yn in militêr hospitaal, dêr't er opbetteret fan alle trochstiene ûntbearings. Dêr komt lykwols in ein oan as er besite kriget fan in majoar Warden, in springstofynstrukteur fan in deunby legere kommando-oplieding fan it Britske Leger. Dyselde freget Shears om lieding te jaan oan in kommandomisje efter de Japanske linys yn Birma, dy't de nije spoarbrêge oer de rivier de Kwai ferneatigje moat ear't dy foltôge wurde kin. Shears wurdt dêrfoar frege om't er dêromtrint bekend is. Hy fielt der lykwols neat foar en betanket foar de ear. Om út te sluten dat se him dochs de lieding fan 'e misje op 'e hûd skowe kinne, bychtet er op dat er him yn it kriichsfinzenekamp foardien hat as ofsier wylst er dat net wie, om't ofsieren troch de Japanners justjes better behannele wurde as sljochtwei soldaten en matroazen. Warden ynformearret him lykwols dat de Amerikaanske Marine al lang op 'e hichte is fan syn bedroch en him dêrom krekt foar dizze misje oan it Britske Leger útliend hat. Shears begrypt dan dat er der net foarwei kin. Hy nimt it befel oer de misje oan mei de legerrang fan majoar by de lânmacht, dy't net tafalligerwize ekwifalint is oan 'e rang fan kaptein-luitenant-op-see by de marine, dy't er himsels ta-eigene hie.

Shears jout him by in fjouwerkoppich team, dat fierders bestiet út Warden, Chapman en de jonge rekrút luitenant Joyce. Fjouweresom parasjutespringe se boppe Birma út in fleanmasine, wêrby't Chapman omkomt as er ûngelokkich mei in beam yn botsing komt. Shears, Warden en Joyce jouwe har by Yai, in lânseigen gids dy't de Japanners hatet, en fjouwer Siameeske fammen dy't as drager fungearje. Wylst se har tocht troch it oerwâld úteinsette, ûntfange se in radioberjocht út Seylon, wêryn't ferteld wurdt dat de nije spoarbrêge ynwiid wurde sil mei in spesjale trein fol mei Japanske troepen en pommeranten. De kommando's krije opdracht om 'e brêge op te blazen op it stuit dat dy trein deroer hinne giet. By in konfontaasje mei in Japanske patrûlje wurdt Warden yn it ankel sketten, wêrnei't er fierders meidroegen wurde moat. De kommando's berikke de brêge krekt as Nicholson der in plakette op befêstiget dy't yn oantinken bringt dat de brêge boud is troch soldaten fan it Britske Leger.

Dy jûns fiere de Britske kriichsfinzenen feest om 'e foltôging fan 'e brêge, wylst Saito risselwearret om seppuku te dwaan, mei't de Britten him ferslein hawwe. Underwilens litte Shears, Joyce en de draachsters harren op in flot op 'e rivier ôfsakje nei de brêge, dêr't se by de wetterline eksplosiven oanbringe. Joyce siket dekking mei it kastke mei de pomp fan 'e ûntstekking, wylst Shears de rivier oerswimt en oan 'e oare kant ôfwachtet. By moarnsdage komme de kommando's ta de ûnoangename ûntdekking dat it wetternivo yn 'e rivier sakke is, sadat de springstofladings en alle triedden no dúdlik te sjen binne. Nicholson marsjearret mei syn troepen nei de brêge ta foar de seremoanje fan it trochknippen fan it lint, mar legerdokter Clipton fertelt him dat er hjir part noch diel oan hawwe wol, en lûkt him tebek nei in deunby lein ferhef.

Yn 'e fierte is de oankommende trein mei troepen en pommeranten al te hearren as Nicholson ynienen de triedden opmerkt. Hy ropt Saito om mei syn twaen op ûndersyk út te gean. De ferwûne Warden, dy't fan in ôfstân tasjocht, kin syn eagen suver net leauwe as Nicholson de Japanske kampkommandant nei de triedden ta liedt en dêrwei nei de ûntstekking. Joyce beslûpt it twatal ûnderwilens fan efteren en stekt Saito del mei syn mês, wêrnei't er Nicholson fertelt dat se troch it Britske Leger stjoerd binne om syn brêge op te blazen. Breinroer falt Nicholson de ferraste Joyce oan. Shears begjint op 'e nij swimmend oan 'e oertocht fan 'e rivier om Joyce te help te kommen, mar de Japanske soldaten dy't op it trelit ôfkomme, iepenje it fjoer, wêrmei't se Joyce deadzje en Shears deadlik ferwûnje. Pas as er stjerrend oan syn fuotten leit, ken Nicholson Shears werom en beseft er wat er dien hat. In momint letter rekket er sels swier ferwûne as Warden in mortier ôffjurret. Tûzelsinnich strompelet er yn 'e rjochting fan it ûntstekkingskastke, dêr't er foaroer oerhinne knoffelet, sadat it pomphânsel omleech drukt wurdt en de springstofladings ta ûntploffing brocht wurde krekt as de trein de brêge berikt. De brêge wurdt ferrinnewearre en de trein stoart yn 'e djipte yn 'e rivier. Wylst er it bloedbad fan syn ferhef ôf merkbyt, skodhollet Clipton en mompelet: "Waansin, folsleine waansin…"

William Holden yn 1950.
Alec Guinness yn 1973.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise       
Shears William Holden
kolonel Nicholson Alec Guinness


byrollen
personaazje             akteur/aktrise
majoar Warden Jack Hawkins
kolonel Saito Sessue Hayakawa
majoar Clipton James Donald
kolonel Green André Morell
kaptein Reeves Peter Williams
majoar Hughes John Boxer
Grogan Percy Herbert
Baker Harold Goodwin
luitenant Joyce Geoffrey Horne
ferpleechster Ann Sears
kaptein Kanematsu Henry Okawa
luitenant Miura Keiichiro Katsumoto
Yai M.R.B. Chakrabandhu
Siameesk famke #1 Vilaiwan Seeboonreaung
Siameesk famke #2 Ngamta Suphaphongs
Siameesk famke #3 Javanart Punynchoti
Siameesk famke #4 Kannikar Dowklee

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Bridge on the River Kwai waard regissearre troch David Lean nei in senario fan Carl Foreman en Michael Wilson op basis fan 'e Frânsktalige roman Le Pont de la Rivière Kwaï, út 1952, fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle. Foreman en Wilson stiene allebeide op 'e Hollywood Blacklist. Hoewol't se yn ballingskip yn Ingelân libben, koene se dochs allinne mar yn it geheim oan 'e film meiwurkje. Dat diene se net tegearre; Wilson eide it senario nochris oer doe't Lean ûntefreden wie oer it wurk fan Foreman.

Chandran Rutnam en William Holden ûnder de opnamen fan The Bridge on the River Kwai.

Doe't de film neitiid de Oscar foar bêste adaptearre senario wûn, gie de priis net nei Foreman en Wilson, mar nei Boulle, dy't hielendal gjin Ingelsk spriek. Pas yn 1984 waard dy sitewaasje rektifisearre troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS), de organisaasjes efter de útrikking fan 'e Oscars, en krigen Foreman en Wilson dochs noch mei weromwurkjende krêft de Oscar tawiisd, hoewol yn beide gefallen postúm.

As produsint wie Sam Spiegel by it projekt belutsen foar de filmstudio's Horizon Pictures en Columbia Pictures. Foar The Bridge on the River Kwai, dat in Amerikaanske-Britske ko-produksje wie, waard in budget beskikber steld fan $2,8 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack Hildyard, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Malcolm Arnold.

De opnamen foar The Bridge on the River Kwai fûnen yn it foarjier fan 1957 plak yn wat doe noch it Dominion Seylon wie (no Sry Lanka), dêr't de brêge út 'e film wier boud waard by Kitulgala. It Mount Lavinia Hotel giet yn 'e film troch foar it legerhospitaal yn Seylon. Yn in fraachpetear yn 1988 befêstige regisseur David Lean dat Columbia Pictures nei trije wiken by it projekt suver de stekker derút lutsen hie om't der gjin blanke frou yn 'e film foarkaam. Fan needs hied er in "hiel freeslike sêne" mei Shears en in ferpleechster op it strân tafoegje moatten. Foar de sêne dêr't de brêge by opblaasd waard, op 10 maart 1957, wie Solomon Bandaranaike, de premier fan Seylon, persoanlik op 'e filmset oanwêzich mei in kloft mindere goaden yn syn sok.

Sir Alec Guinness, dy't wrâldferneamd waard mei syn fertolking fan 'e rol fan 'e regelfêste Nicholson, wie eins net de earste kar fan Lean foar dy rol. Ynstee woe de regisseur Charles Laughton foar de rol hawwe, hoewol't er dat letter ûntstried. Guinness en Lean koene min en krigen ferskate kearen rûzje op 'e set. Ek mei James Donald, dy't de rol fan majoar Clipton spile, rekke Lean deilis. Sawol Guinness as Donald fûnen dat de roman fan Boulle anty-Britsk wie, en boppedat woe Guinness de rol fan Nicholson mei wat humor spylje, wylst Lean dat personaazje krekt sa humorleas mooglik delsette woe. Doe't de lêste sêne mei Guinness opnommen wie, sei Lean (neffens Guinness): "No kinne jim allegear opsoademiterje en nei hûs gean, jim Ingelske akteurs. Godsijtank dat ik moarn mei in Amerikaanske akteur wurkje kin."

In foto fan Kitulgala, yn Sry Lanka, yn 2004, dêr't hast in heale iuw earder de brêge foar de film boud en wer ferneatige waard.

De distribúsje fan The Bridge on the River Kwai waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 2 oktober 1957 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 11 oktober yn 'e bioskopen yn it Feriene Keninkryk en op 14 desimber yn dy yn 'e Feriene Steaten. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 21 oktober 1957 ek by Columbia.

The Bridge on the River Kwai waard op 25 septimber 1966 foar it earst op 'e tillefyzje útstjoerd. Dat barde yn 'e Feriene Steaten, dêr't ABC der $1,8 miljoen foar oer hie, in bedrach dat finansierd waard troch autofabrikant Ford, dy't yn ruil dêrfoar in reklameblok midden ûnder de útstjoering krige.

Fan 'e filmkritisy krige The Bridge on the River Kwai rûnom loovjende resinsjes. Sa omskreau Bosley Crowther de film yn The New York Times as "in geweldich fermaak fan ryk ferskaat en in iepenbiering oer it aard fan 'e minske." Fan 'e akteurs waard benammen Alec Guinness priizge, wêrby't Mike Kaplan, dy't skreau foar it tydskrift Variety, safier gie dat er skreau: "de film is sûnder mis [sines]." Weromsjend op The Bridge on the River Kwai parte de foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert yn 1999 de film 4 fan 4 stjerren ta. Hy skreau dat it ien fan 'e mar in pear oarlochsfilms is dy "net fokust op it gruttere goed en kwea, mar op yndividuën." Dêr murk er lykwols by op dat it net alhiel wis is wat der mei de lêste wurden (fan Clipton) bedoeld wurdt fanwegen it hieltyd ferskowende perspektyf fan 'e film.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Bridge on the River Kwai in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 58 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dit yngewikkelde oarlochsepos stelt drege fragen, wol fan gjin maklike antwurden witte, en omfettet karriêre-definiëarjend wurk fan haadrolspiler Alec Guinness en regisseur David Lean. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Bridge on the River Kwai in goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 14 resinsjes.

Tsjintwurdich wurdt The Bridge on the River Kwai rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films aller tiden. Yn 1998 parte it Amerikaansk Filmynstitút (AFI) de film it trettjinde plak ta op in ranglist fan 'e hûndert bêste Amerikaanske films, en yn 1999 joech it Britsk Filmynstitút (BFI) de film it alfde plak op in ranglist fan 'e hûndert bêste Britske films út 'e tweintichste iuw. Yn 1997 waard The Bridge on the River Kwai troch de Library of Congress útornearre foar preservearring yn it Amerikaanske National Film Registry omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

De plot en de personaazjes fan 'e roman fan Pierre Boulle en dêrmei ek fan 'e dêrop basearre film binne hast hielendal fiktyf. Yn it echt wiene de omstannichheden dêr't de Britske, Australyske, Nijseelânske, Britsk-Yndyske, Nederlânske en Amerikaanske kriichsfinzenen yn ferkearden noch folle minder as yn 'e film ôfbylde wurdt. By de oanlis fan 'e beruchte Birmaspoarwei, in ferbining dy't foar de Japanners fan krúsjaal belang wie om harren troepen oan it front yn Birma te befoarriedzjen, kamen likernôch 13.000 Alliëarde kriichsfinzenen om troch útputting, ûnderfieding, sykte en mishanneling. Nochris 80.000 oant 100.000 boargers fûnen by itselde projekt ek de dea; dat wiene lânseigen twangarbeiders út Britsk-Malakka, Nederlânsk-Ynje, Britsk-Birma en Siam (Tailân).

De echte spoarbrêge oer de rivier de Kwai yn 2017. De seksjes mei bôgefoarmige sydstikken binne yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch Japan boud; de twa seksjes mei rjochthoekige sydstikken yn 'e midden, dêr't de oarspronklike brêgedielen troch Alliëarde bombardeminten ferneatige wiene, waarden nei ôfrin fan 'e oarloch troch Japan tafoege by wize fan herstelbetelling.

Wat it útgongspunt fan 'e film oangiet: der waard yndie in spoarbrêge oer in rivier boud, hoewol't dy doe net de Kwai hiet. Boulle, de betinker fan it ferhaal oer de brêge, wist dat der in brêge boud wie en hy wist dat de Birmaspoarwei deun by de Khwae lâns rûn. Hy telde dêrom it iene by it oare op en gie der (foutyf) fan út dat de Khwae de rivier wie dy't oerbrêge wie. It gie lykwols om 'e Mae Klong, dy't pas yn 'e 1960-er jierren, fanwegen de populariteit fan 'e film (dêr't op it mêd fan toerisme jild mei te fertsjinjen foel), omneamd waard ta de Khwae Yai. De brêge befynt him by Tha Ma Kham, yn Tailân, 5 km fan 'e stêd Kanchanburi. Feitliks waarden der twa opienfolgjende brêgen boud, ien fan hout en ien fan stiel, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch allebeide twa jier yn gebrûk wiene foar't se by in Alliëard bombardemint út 'e loft (en net troch in kommandomisje) ferneatige waarden. De stielene brêge waard nei de oarloch reparearre en is no noch yn gebrûk.

Yn Japan stiet The Bridge on the River Kwai bleat oan frijwat krityk. Dy spitst him opfallend genôch net ta op 'e behanneling fan 'e Alliëarde kriichsfinzenen troch de Japanske militêren, mar op 'e ymplikaasje dat Japanske yngenieurs sa ynkompetint wêze soene dat se sûnder de know-how fan Britske kriichsfinzenen net in funksjonele spoarbrêge oer in rivier bouwe koene. Dêr hawwe se wol in punt, want yn it echt wie de sjeny fan it Keizerlike Japanske Leger like goed talein op syn wurk as syn wjergaders oan Alliëarde kant.

The Bridge on the River Kwai brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $15,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $15,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $30,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $2,8 miljoen betsjut dat in winst fan $27,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Bridge on the River Kwai de meast opbringende film fan 1957. Yn 1964 waard de film yn Noard-Amearika op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht, en waard nochris $17,2 miljoen binnenswile.

Yn 1958 waard The Bridge on the River Kwai by de Oscars nominearre foar acht prizen, wêrûnder dy yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur (Sessue Hayakawa). De film wûn de Oscars foar bêste film, bêste regisseur (David Lean), bêste akteur (Alec Guinness), bêste adaptearre senario (Pierre Boulle ynstee fan Carl Foreman en Michael Wilson; sjoch útlis hjirre), bêste kamerarezjy (Jack Hildyard), bêste orizjinele filmmuzyk (Malcolm Arnold) en bêste filmmontaazje (Peter Taylor).

By de Golden Globes waard The Bridge on the River Kwai nominearre foar fjouwer prizen, wêrûnder dy yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur (Sessue Hayakawa). De film wûn de Golden Globes foar bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste akteur (Alec Guinness). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, wûn The Bridge on the River Kwai de prizen foar bêste film, bêste Britske film, bêste Britske akteur (Alec Guinness) en bêste Britske senario.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy