Springe nei ynhâld

Vasili Soerikov

Ut Wikipedy
Vasili Soerikov, selsportret

Vasili Ivanovitsj Soerikov (Russysk: Василий Иванович Суриков) (Krasnojarsk, 24 jannewaris 1848Berjozovo, 19 maart 1916) wie in Russysk keunstskilder fan fral grutskalige histoarjestikken. Syn bêste wurk is tige bekend yn Ruslân.

Soerikov waard berne yn Krasnojarsk yn Sibearje en hearde by it yn 1870 oprjochte keunstnerskollektyf De Swalkers (Peredvizjniki), dy't de keunst tagonglik foar de gewoane man meitsje woe.

Yn libbene en kleurige doeken bylde er it leafst mominten út it libben fan it gewoane Russyske folk út, fân de ferôvering fan Sibearje ôf oant Peter de Grutte (û.o. De eksekúsje fan de Streltsy út 1881, no yn de Tretjakovgalery.

Soerikov wie ien fan de earsten dy't besochten de didaktyske idealen fan de groep te ferbinen mei de nasjonale artistike tradysje.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vasily Ivanovich Surikov fan Wikimedia Commons.
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy